thumb|Duncan mei de Eurofisy-trofee Duncan Laurence, berne as Duncan de Moor (Spijkenisse, 11 april 1994), is in Nederlânsk sjonger en songwriter. Hy waard bekend fan syn meidwaan oan it fiifde seizoen fan it telefyzjeprogramma The voice of Holland, dêr't er de heale finale helle.
Duncan Laurence wûn mei it nûmer "Arcade" foar Nederlân it Eurofyzje Sjongfestival yn 2019.AVROTROS, 21.01.2019
Karriêre Oplieding Yn 2012 helle de sjonger foar it earst it nijs mei it winnen fan it lokale Brielle’s got Talent. Al mei 13 jier skreau De Moor teksten foar syn band The Slick and Suited, mar ek foar oare artysten. The Slick and Suited is yn jannewaris 2013 ûntstien op de Rockakadeemje yn Tilburch, dêr't De Moor yn 2017 ôfstudearre.Omrop Brabân, 21.01.2019]
The Voice of Holland De Moor die yn 2014 mei oan it fyfte seizoen fan The Voice of Holland en kaam yn it programma mei it nûmer Sing fan Ed Sheeran. Yn it team fan Ilse DeLange wist er de heale finale te heljen.Youtube, The Blind Auditions | The voice of Holland 2014
Eurofyzje Sjongfestival thumb|250px|Duncan Laurence op it Eurofisy Sjongfestival Op moandei 21 jannewaris 2019 waard bekend dat Duncan Laurence mei it nûmer Arcade Nederlân fertsjintwurdige op it Eurofyzje Sjongfestival 2019 yn Tel Aviv, Israel. Duncan Laurence waard yn de heale finale al oertsjûgjend earste en mei in ferskil fan 27 punten wûn er op 18 maaie 2019 ek de finale fan it festival.Side Eurovision Song Contest 2019
Prizen JierPriisKategoryNûmerResultaat 2019 OUTmusic award – Arcade Wûn Marcel Bezençon Award Press Award Wûn Eurofyzjesjongfestival – Wûn
Keppeling om utens Side Eurofyzje Sjongfestival 2019
Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Dielnimmer oan it Eurofyzjesjongfestival Kategory:Dielnimmer oan in Nederlânsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Persoan berne yn 1994