thumb|250px|De plenêrseal fan it Jeropeesk Parlemint yn Straasburch thumb|250px|De plenêrseal fan it Jeropeesk Parlemint yn Brussel

It Jeropeesk Parlemint is it iennichste orgaan fan de Jeropeeske Uny dat direkt keazen wurdt. De ferkiezings foar it parlemint wurde om de fiif jier hâlden.

Skiednis Fan 10 oant en mei 13 septimber 1952 hold de foarrinder fan de Jeropeeske Uny, de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, foar de earste kear in parlemintêre gearkomste. Dy gearkomste bestie út 78 nasjonale fertsjintwurdigers, dy't út de ûnderskate nasjonale parleminten keazen wienen.

Yn 1957 waard mei it Ferdrach fan Rome de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip en de Euratom oprjochte. De parlemintêre gearkomste fan de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel fertsjinwurdige tenei alle trije Jeropeeske Mienskippen en it tal sitten gong nei 142. De parlemintêre gearkomste krige gjin nije taken, mar neamde himsels al wol Jeropeesk Parlemint (yn 1986 waard dy namme pas erkend troch de lidsteaten).

Yn juny 1979 wurde foar it earst direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint holden. Troch de ferdraggen fan ûnder oaren Maastricht (1992) en Amsterdam hat it Jeropeesk Parlemint mear foech krigen. It Jeropeesk Parlemint krige stadichoan hieltyd mear oerienkomsten mei parleminten fan nasjonale steaten.

Foech Der binne trije haadsaken dêr't it Parlemint him mei dwaande hâldt; wetjouwing, finansiën en tafersjoch op de Jeropeeske Kommisje. It Jeropeesk Parlemint is mei de Ried fan Ministers de wetjouwende macht fan de Jeropeeske Uny. It Parlemint kin Jeropeeske wetten (rjochtlinen, feroardenings, ensafh.) oannimme, feroarje of fersmite. It Parlemint en Ministerrie beslisse tegearre oer de Jeropeeske begrutting. It Parlemint jout goedkar en beneam leden fan de Jeropeeske Kommisje. It Jeropeesk Parlemint kin, as it moat, beslisse om alle leden fan de Jeropeeske Kommisje dien te jaan.

Gearstalling It Europeesk Parlemint hat 720 sitten.

De sitferdieling fan it parlemint nei de Europeeske ferkiezings fan 2024:Resultaten Europese verkiezingen 2024, Europees Parlement

Namme Ingelske ôfkoarting Tal sitten Ideology Europeeske folkspartij EPP 188 Liberaal-konservatisme Kristendemokrasy Pro-Europa Progressive Alliânsje fan Sosjalisten en Demokraten S&D 136 Sosjaaldemokrasy Patriotten foar Europa PfE 84 rjochts-radikaal Europeeske Konservativen en Reformisten ECR 78 Konservatisme Anty-federalisme Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Europa Renew (ALDE) 77 Liberalisme Sosjaal-liberalisme Konservatyf liberalisme De Grienen-Europeeske Frije Alliânsje Greens-EFA 53 Griene polityk Regionalisme Europeesk Unytêr Lofts/Noardsk Grien Lofts GUE/NGL 46 Sosjalisme Kommunisme Europa fan Soevereine Naasjes ESN 25 rjochts-radikaal Sûnder fraksje NI 33 Mei-inoar 720

Sitferdieling per lân De sitferdieling sûnt 2024:Zetelverdeling per land in de zittingsperiode 2024-2029, Europees Parlement

Dútslân 96 Frankryk 81 Itaalje 76 Spanje 61 Poalen 53 Roemeenje 33 Nederlân 31 Belgje 22 Tsjechje 21 Grikelân 21 Hongarije 21 Portegal 21 Sweden 21 Eastenryk 20 Bulgarije 17 Denemark 15 Finlân 15 Slowakije 15 Ierlân 14 Kroaasje 12 Litouwen 11 Letlân 9 Sloveenje 9 Estlân 7 Syprus 6 Lúksemboarch 6 Malta 6

Lokaasje It Jeropeesk Parlemint komt ien kear yn 'e moanne yn Straasburch byinoar foar in fjouwerdeiske plenêre gearkomste. Ekstra plenêre gearkomsten wurde yn Brussel hâlden. Dêr fine ek alle gearkomsten plak, fan de fêste parlemintêre kommisjes, dêr't plenêre stimmings tarieden wurde. It Siktariaat-generaal sit yn Lúksemboarch.

Net eltsenien is bliid mei dizze ferskillende haadstêden fan Jeropa. One Seat wol bygelyks alle funksjes yn Brussel ha.

Sjoch ek Nederlânske ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint

Keppeling om utens Offisjele webstee

Kategory:Jeropeeske Uny Kategory:Parlemint Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1952