3:10 to Yuma is in Amerikaanske westernfilm út 2007 ûnder rezjy fan James Mangold, mei yn 'e haadrollen Russell Crowe en Christian Bale. It is in remake fan 'e film mei deselde namme út 1957 en dêrmei de twadde ferfilming fan it koarte ferhaal Three-Ten to Yuma fan auteur Elmore Leonard. It ferhaal giet oer in troch drûchte ferearmoede boer (Bale) dy't út jildneed de gefaarlike put op him nimt om in bekende krimineel (Crowe) op 'e trein fan tsien minuten oer trijen nei it Tichthûs fan Yuma te setten. De film krige oer it algemien positive kritiken en kaam rom út 'e kosten, mar waard gjin grut súkses.
Plot Dan Evans is in boer en feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch dy't yn it Territoarium Arizona in lytse feehâlderij hat. Hy is lykwols troch de oanhâldende drûchte dêre ferearmoede en kin net oan syn skulden foldwaan dy't er by de pleatslike notabele Glen Hollander hat. By wize fan yntimidaasje stjoert Hollander twa fan syn trewanten dy't de skuorre fan Evans yn 'e brân stekke. Wylst Evans en syn soannen William en Mark de oare moarns harren keppel kij ferweidzje, binne se tsjûge fan in oerfal troch de binde fan 'e bekende bandyt Ben Wade op in pânsere postkoets, bewekke troch aginten fan it Pinkerton-detektiveburo dy't ynhierd binne troch de spoarweimaatskippij Southern Pacific Railroad. As de postkoets driget te ûntkommen, driuwe Wade en syn mannen Evans syn kij de wei op, sadat de trochgong tichtset wurdt.
Neitiid, wylst de binde de op syn side fallen postkoets plonderje, ûntdekt Wade Evans en syn beide soannen, dy't fan deunby tasjogge. Hy komt lykwols ta it oardiel dat se gjin gefaar foar him foarmje, en nimt harren inkeld har hynders ôf sadat se net fluch om help gean kinne. Hy jout oan dat er de hynders efterlitte sil op in plak oan 'e wei nei Bisbee. Nei't Wade-en-dy ôfset binne, rêdt Evans de iennichste bewekker fan 'e postkoets dy't de oerfal oerlibbe hat, de âldere Pinkerton-detektive Byron McElroy, dy't slim ferwûne rekke is.
Wade-en-dy ride ûnderwilens nei Bisbee ta, dêr't se de súksesfolle oerfal fiere yn 'e pleatslike saloon. Nei't se de bút opdield hawwe, prate se in moetingsplak ôf fuort oer de grins yn Meksiko. Dêrop sette de oare bindeleden ôf, mar Wade sels bliuwt noch in skoft yn Bisbee, dêr't er seksuële omgong hat mei de kreaze útbaatster fan 'e saloon. Letter arrivearje Evans en syn soannen ek yn Bisbee mei de ferwûne McElroy, dy't se by de pleatslike dokter bringe, "Doc" Potter. Dêrnei besiket Evans om 'e nocht om oer de ôfbetelling fan syn skulden te ûnderhanneljen mei Hollander, dy't lykwols fan gjin útstel fan werombetelling witte wol. As Evans lulk de saloon binnengiet, komt Wade dêr krekt de trep ôf. Evans easket fan 'e bandyt fergoeding foar de swierrichheden dy't er him besoarge hat, en Wade jout ta dat dat net mear as earlik is en betellet him in lytse fergoeding út. Dêrmei hâldt Evans Wade krekt langernôch oan 'e praat dat de autoriteiten arrivearje kinne, dy't de bandyt finzen nimme.
Neitiid moat Wade nei Contention ta brocht wurde, dêr't er middeis op 'e trein fan tsien minuten oer trijen (3:10) set wurde moat nei de Territoriale Finzenis fan Yuma. Dat is in tige gefaarlike put, mei't de binde fan Wade sûnder mis besykje sil om dat tsjin te kearen sadree't se der lucht fan krije. De fertsjintwurdiger fan 'e Southern Pacific Railroad, Grayson Butterfield, kriget Tucker (ien fan Hollander syn trewanten) en de ferwûne McElroy safier dat se dêrby helpe wolle, en Doc Potter giet mei om McElroy te fersoargjen. Evans lit him beprate om ek te helpen, mar easket dêrfoar $200, it bedrach dat er Hollander skuldich is. Butterfield giet akkoart mei dy priis. Under dekking fan it tsjuster sette se dy jûns ôf út Bisbee.
Underweis provosearje sawol Tucker as McElroy oanhâldend de finzen Wade, dy't harren dêrfoar fermoardet. Wade besiket dêrnei út te piken, mar wurdt tsjinholden troch Evans syn âldste soan William, dy't it selskip temûk folge is. As se letter oanfallen wurde troch Apachen, weeft Wade ôf mei de oanfallers en ûntsnapt er nei in kamp fan Sineeske spoararbeiders. Dêr wurdt er lykwols op 'e nij finzen nommen, diskear troch de foarman, dy't him werom ken en him eigenhandich ophingje wol. Evans, William, Potter en Butterfield arrivearje yn it kamp en easkje harren finzene werom, mar de foarman en syn trewanten hawwe oare plannen. Der brekt in fjoergefjocht út wêrby't Evans-en-dy mei Wade witte te ûntkommen, mar Doc Potter deasketten wurdt. Neitiid komme Evans, William, Butterfield en Wade einlings oan yn Contention, dêr't ferskate pleatslike marshals harren by har jouwe yn in hotelkeamer dêr't se wachtsje moatte op 'e trein fan 'e folgjende dei.
Yn 'e tuskentiid hat it nijs fan Wade syn arrestaasje de leden fan syn binde berikt. Under lieding fan 'e ûnmeilydsume Charlie Prince sette dy ôf om harren lieder te befrijen. Se folgje it spoar fan Bisbee nei Contention, wêrby't se ûnderweis ferskate lju om hals bringe dy't harren yn 'e wei steane of dy't ienfâldichwei op it ferkearde momint op it ferkearde plak binne. Dêrûnder binne ek de foarman fan it spoararbeiderskamp en syn trewanten. Nei't se yn Contention arrivearre binne, lovet Prince in hege beleanning út oan eltse boarger dy't ien fan Wade syn bewekkers deasjit. Dêr komt in kloft folk op ôf, mei as gefolch dat de pleatslike marshals betankje foar de eare, harren wapens opjouwe en it hotel ferlitte. Sadree't se bûtendoar komme, wurde se lykwols troch Prince-en-dy dochs noch deasketten. Evans, dy't al syn hope fêstige hat op 'e $200, is wisberet om troch te setten, mar Butterfield jout it op, hoewol't er Evans ûnthjit om dy syn soan William te beskermjen.
Tsjin healwei trijen middeis ferlitte Wade en Evans tegearre it hotel en sykje se har dwers troch Contention in paad nei it treinstasjon, dêrby oanhâldend besketten en opjage troch sawol Wade syn mannen as leden fan 'e pleatslike befolking. Op in stuit komt Wade Evans oer it mad en smoart him hast, mar lit him yn libben as Evans tajout dat it him net inkeld om it jild te dwaan is, mar ek om syn soannen in goed oantinken oan him te jaan en om syn eigen eargefoel werom te winnen. Dat is er nammentlik yn 'e Boargeroarloch kwytrekke doe't er skitende benaud by it front wei flechte. Wade bychtet dan op dat er al twaris yn it tichthûs fan Yuma sitten hat en dat er beide kearen ûntsnapt is. Hy praat dêrom mei Evans ôf dat dy him op 'e trein sette mei, sadat er foldien hat oan syn kontrakt mei Butterfield.
Neitiid helpt Wade Evans aktyf om oan syn bindeleden en de bewapene boargers te ûntkommen, en as er úteinlik op 'e trein klimt, lokwinsket er Evans mei syn súkses. Op dat stuit dûkt lykwols Prince efter Evans op en sjit him del, nettsjinsteande Wade syn befel om net te sjitten. Dêrop klimt Wade wer út 'e trein en sjit sûnder fierdere warskôging Prince dea, wêrnei't er ek alle oare leden fan syn binde op deselde wize eksekutearret. As William by it stasjon arrivearret en syn gewear op Wade rjochtet, lit dy de jonge lykwols gewurde, klimt wer op 'e trein en langet op hoflike wize syn revolver oer oan 'e dêr oanwêzige bewekker. Evans stjert yn 'e earms fan syn soan, dy't him fertelt dat er de put derôf rêden hat en oan syn kontrakt foldien hat. De trein set ôf, mar as er Contention út giet en om in bocht ferdwynt, fluitet Wade skerp. Syn trouwe hynder set dêrop de earen oerein en fjouweret efter de trein oan, suggerearjend dat Wade net fan doel is om 'e rit út te sitten.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Ben Wade Russell Crowe Dan Evans Christian Bale
byrollen personaazje akteur/aktrise William Evans Logan Lerman Charlie Prince Ben Foster Byron McElroy Peter Fonda Grayson Butterfield Dallas Roberts dokter "Doc" Potter Alan Tudyk Glen Hollander Lennie Loftin Alice Evans Gretchen Mol Emmy Vinessa Shaw Tucker Kevin Durand marshal Weathers Luce Rains Zeke Luke Wilson Slick Marcus Sylvester Rebbi Carmilla Blakney Campos Rio Alexander
Produksje 3:10 to Yuma is in remake fan 'e film mei deselde namme út 1957. De western waard yn juny 2003 oankundige troch Columbia Pictures, deselde filmstudio dy't de film út 1957 ek produsearre hie, en dy't yn 2003 yn ûnderhanneling wie mei regisseur James Mangold. De produksje waard pland foar de simmer fan 2006. Yn dat jier die Columbia de film lykwols yn 'e ferkeap, en sa kaam it projekt yn 'e hannen fan 'e lytse filmstudio Relativity Media, dat de film yn gearwurking mei Tree Line Film produsearre. Yn 'e measte lannen waard de distribúsje fersoarge troch Lionsgate Films, wêrmei't Relativity Media yn septimber 2006 in oerienkomst berikte. Yn Dútslân die Columbia Pictures de distribúsje.
Ek ûnder it bewâld fan 'e nije filmstudio behold James Mangold de rezjy fan 3:10 to Yuma. Hy hie in budget fan $55 miljoen ta syn foldwaan. It senario waard skreaun troch troch Michael Brandt, Derek Haas en Halsted Welles op basis fan it koarte ferhaal Three-Ten to Yuma, fan Elmore Leonard. Cathy Konrad wie as filmprodusinte direkt by it projekt belutsen. De kamerarezjy waard dien troch Phedon Papamichael, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marco Beltrami. Wat de cast oangie, wie der in skoftke praat fan de Tom Cruise de rol fan Ben Wade op him nimme soe, mar dat gie net troch, en likemin krige Eric Bana in rol yn 'e film, dêr't er wol belangstelling foar toande. De haadrollen giene úteinlik nei de Australyske akteur Russell Crowe en de Ingelsman Christian Bale.
De opnamen setten op 23 oktober 2006 útein op lokaasje yn Nij-Meksiko, yn en deunby Santa Fe, Abiquiú en Galisteo. De sênes yn Bisbee waarden opnommen op 'e Bonanza Creek Ranch, wylst Galisteo trochgean moast foar Contention City, dat hjoed de dei in spûkstêd is. De sêne mei de oanfal fan 'e Apachen waard opnommen yn 'e skildereftige Diablo Canyon, wylst de sênes yn it kamp fan 'e Sineeske spoararbeiders opnommen waarden by de Gilman Tunnels, oan 'e New Mexico State Road 485.
Op 'e earste dei fan 'e opnamen rekken in ruter en hynder slim ferwûne doe't it hynder yn folle feart by in kamerawein opbotste ynstee fan nei de sydkant út te wiken, sa't de bedoeling wie. De ruter waard oerbrocht nei it sikehûs, en it hynder moast op 'e set út syn lijen ferlost wurde. Neitiid iepene de American Humane Association (dy't yn 'e Feriene Steaten foech hat op it mêd fan bistemishanneling) in offisjeel ûndersyk nei de gong fan saken. Yn novimber waard dat ûndersyk ôfsletten mei de konklúzje dat it om in needlottich ûngelok gie en dat de produsinten fan 3:10 to Yuma neat oan te rekkenjen foel.
De lêste opnamedei foel op 20 jannewaris 2007. 3:10 to Yuma hie eins op 5 oktober 2007 yn premiêre gean sillen, mar Lionsgate helle dat in moanne nei foarren ta om de konkurrinsje foar te wêzen fan The Assassination of Jesse James by the Coward Robert Ford, ek in western, en fan No Country for Old Men, gjin western, mar wol in 'westerneftige' film dy't opnommen wie en spile yn itselde diel fan 'e Feriene Steaten. Sadwaande koe it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto net mear tsjinje as platfoarm foar de wrâldpremiêre fan 3:10 to Yuma, sa't oarspronklik de bedoeling west hie. Uteinlik waard de galapremiêre op 22 augustus yn Los Angeles holden, wêrnei't de film op 7 septimber yn 'e Amerikaanske en Kanadeeske bioskopen iepene. 3:10 to Yuma waard yn 'e earste wike fan jannewaris 2008 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst