Lyuwe Vuyter, Lieuwe Aedsgers, en ek Lyuwe Aedgaerts Vuyter Ylst wie in grytman fan Himmelumer Aldefurd, Gaasterlân en Doanjewerstâl.

Lieuwe wie nei alle gedachten in Popma fan Drylts. Hy wie troud mei Catharina ldsarda, dy 't yn july 1529 as syn frou foarkomt. Yn augustus 1523 en in 1524 wie hy ek grytman fan Gaasterlân. Op 11 oktober 1524 krige hy ek Doanjewerstâl ûnder syn behear. Mooglik hat er ek waarnimmend grytman fan Wymbritseradiel west.

Op 24 jannewaris 1517 waard him it goed tawiisd fan Renick Hages en Peter Lieuwes út Drylts.

Liuwe waard yn 1527 fanwege skuld finzen setten. Yn in stik fan july 1529 komt Lyuwe wer as grytman foar. Hy waard begroeven yn Snits. Syn frou Katrijn ferstoar op 90-jierrige leeftyd yn Boalsert.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Doanjewerstâl List fan grytmannen fan Himmelumer Aldefurd List fan grytmannen fan Gaasterlân

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Doanjewerstâl Kategory:Grytman fan Gaasterlân Kategory:Grytman fan Himmelumer Aldefurd Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 16e iuw