Ulbe fan Burmania (Ljouwert, 15 septimber 1737 - Eanjum, 18 augustus 1816) wie in neisiet út it laach Fan Burmania. Hy wie fan 12 maart 1765 oant 1795 grytman fan Ljouwerteradiel.

Op 26 jannewaris 1766 troude er yn de Jakobinertsjerke fan Ljouwert mei Maria Libara fan Haarsma (Ljouwert, 27 desimber 1740 - dêre, 12 oktober 1783). Hja wie in dochter fan Hans Hendrik fan Haarsma en Isabella Boreel. Harren beide bern ferstoarnen foar 1814.

Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Ljouwerteradiel Kategory:Persoan berne yn 1737 Kategory:Persoan stoarn yn 1816 Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Eanjum