The Dreamblood is in koarte romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster N.K. Jemisin. De titel betsjut: "It Dreambloed". De rige is in duology, en bestiet dus út twa boeken. It ûnderwerp is de stêd Gujaareh, dêr't de preesters sykten genêze en libbens beëinigje kinne troch dreamen binnen te kringen. De beide dielen fan The Dreamblood ferskynde yn 2012 by de útjouwerij Orbit Books, en waard troch de literatuerkritisy tige goed ûntfongen.
Boeken 2012 – The Killing Moon 2012 – The Shadowed Sun
Eftergrûn Gujaareh is in stêd oan 'e rivier de Goadinnebloed, dêr't Hananja, de goadinne fan dreamen, fereare wurdt. De stêd foarmet in ûnôfhinklike stêdsteat, dy't regearre wurdt troch de prins. Dyselde wurdt beskôge as de avataar fan Hananja op 'e ierde. Pas nei syn dea, as er him by de goadinne jûn hie as har oarehelte, krige er de titel fan kening taparte. De preesters fan Hananja operearje fanút it ûnbidich grutte timpelkompleks yn it sintrum fan 'e stêd, dat de Hetawa hjit. Hja besteane út fjouwer 'paden': Skyldwachten, Learaars, Dielers en Sammelders. De Skyldwachten befeiligje de timpels en beskermje de oare preesters. De Learaars fersoargje de oplieding fan 'e oare preesters en foarsjogge dêropta ek it miene folk fan ûnderwiis. De Dielers en de Sammelders, lykwols, meitsje gebrûk fan narkomânsje (slieptsjoenderij). De Dielers kinne siken en ferwûnen genêze troch de pasjint in magyske ynfúzje te jaan mei dreamgalle, dreamlymfe, dreamsied of dreambloed. Hja komme oan dy dreamfloeistoffen troch de saneamde 'tsienden' yn te nimmen út 'e dreamen fan leauwenden dy't spesjaal foar dat doel yn 'e timpel komme.
Foar dreamgalle en dreamlymfe folstiet dat. Dreamsied wurdt foar it meastepart ynsammele troch de Susters fan Hananja, yn it giel klaaide preesteressen, dy't de leauwenden wiete dreamen besoargje. Sy wurde troch bûtenlanners as hoeren beskôge, hoewol't der oan harren dwaan feitlik gjin seksuële mienskip te pas komt. De krapste en kostberste dreamfloeistof, dreambloed, wurdt ynsammele troch de Sammelders, wêrfan't der nea mear as fjouwer binne. Hja geane nachts op 'en paad yn 'e stêd en besykje terminaal siken en stjerrenden, dy't se eutanasy biede troch harren nei in dreamparadys te lieden dêr't harren siel foar ivich bliuwe kin, om dêrnei de bân tusken harren siel en lichem te ferbrekken. Dêrby komt in grutte hoemannichte dreambloed frij, dy't de Sammelders ynnimme en letter yn 'e Hetawa foar it grutste part wer ôfsteane oan 'e Dielers. Behalven lju dy't yn 't stjerren lizze, besykje de Sammelders lykwols ek lju dy't as korrupt beoardiele binne. Sokken krije tsjin harren wil eutanasy tatsjinne, in foarm fan 'e deastraf dus, wat de Sammelders sawol hielmasters as boalen makket. Sadwaande wurde se troch in grut diel fan 'e befolking sawol freze as fereare. In oar gefolch is dat der binnen de muorren fan Gujaareh suver gjin misdie foarkomt, want nimmen wol as korrupt beskôge wurde en nachts in Sammelder op besite krije.
Haadpersoanen ¹) allinnich yn The Killing Moon ²) allinnich yn The Shadowed Sun
Ahmanat², in Suster fan Hananja Akolil¹, admiraal fan 'e Gujareenske float Aksata², in Kisuatysk keapman en lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua Anarim², in Skyldwacht fan Hananja Andat¹, in Skyldwacht fan Hananja Anzi Seh Ainunu, in Kisuatysk generaal, letter de man fan Sunandi Azima², in Banbarra-kriger fan 'e Dzikeh-stamme Bahenamin, in Gujaareensk keapman, pleage troch nachtmerjes Danneh, syn frou Bibiki Seh Jofur², in Kisuatysk ofsier Charleron¹, in útlânsk keapman Charris, in Gujaareensk ofsier, letter generaal, noch letter in slaaf mank de Banbarra Deti-Arah², in Gujaareensk ealman fan 'e shunha-kaste Dwi², in Skyldwacht fan Hananja Ehiru¹, in Sammelder fan Hananja, de jongere broer fan prins Eninket, learmaster fan Nijiri Emije², in Skyldwacht fan Hananja Eninket¹, prins fan Gujaareh, de âldere broer fan Ehiru Hendet, de earste frou fan prins Eninket Wanahomen, de âldste soan fan prins Eninket Laye-ka², syn kamielinne Iho², syn hynder Tassa², syn jonge soan by de Banbarra-frou Yanassa Etissero¹, in útlânsk keapman Saladronim¹, syn soan Ezack², in Banbarra-kriger fan 'e Yusir-stamme Gehanu¹, liedster fan in karavaan fan minstrelen Kanek¹, har soan Talithele¹, har beppe Ghefir², in Gujaareensk ealman fan 'e shunha-kaste Hanani², in Dieler fan Hananja, de earste froulike preester fan 'e Hetawa, in learlinge fan Mni-inh Dayuhotem², har akolyt Dakha², har hynder Harakha¹, in Skyldwacht fan Hananja Iezanen², in Gujaareensk ealfrouwe fan zhinha-kaste Inefer¹, in Skyldwacht fan Hananja Inmu², in Sammelder fan Hananja, learling fan Rabbaneh Kherkhan², in Skyldwacht fan Hananja Lemuneb², in Skyldwacht fan Hananja Mekhi¹, in Skyldwacht fan Hananja Meliatua¹, in Suster fan Hananja Mni-inh, in Dieler fan Hananja, learmaster fan Hanani Moib², in Kisuatysk generaal en lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua Mweke Jeh Chi¹, in lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua Nhen-ne-verra², in Dieler fan Hananja Ni-imeh², in Suster fan Hananja Nijiri, in Sammelder fan Hananja, de learling fan Ehiru Niyes¹, in Gujaareensk generaal Lumanthe¹, syn frou Ohorome¹, syn soan Tisanti¹, syn dochter Rabbaneh, in Sammelder fan Hananja Sanfi², in Gujaareensk ealman fan 'e kaste fan 'e shunha Insurret², syn frou Tiaanet², syn dochter, dy't er ta ynsest twingt Tantufi², it ûngelokkige bern út dy relaasje Sasannante², in lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua Shatyrria², in matriarch fan 'e Dzikeh-Banbarra Sonta-i, in Sammelder fan Hananja Sunandi Jeh Kalawe, Kisuatysk ambassadrise yn Gujaareh, letter gûverneur fan 'e stêd ûnder de Kisuatyske besetting Lin¹, har jongere pleechsuster Kinja Seh Kalabsha¹, har pleechheit, de eardere Kisuatyske ambassadeur yn Gujaareh Tajedd², haadman fan 'e Dzikeh-Banbarra Una-une¹, in Sammelder fan Hananja Unte², haadman fan 'e Yusir-Banbarra Wujjeg², in Banbarra-kriger fan 'e Dzikeh-stamme Wutir², in Banbarra-kriger fan 'e Dzikeh-stamme Yanassa², in frou fan 'e Yusir-Banbarra Yao², byneamd 'mem Yao', in lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua Yehamwy², in Learaar fan Hananja
Utlis fan 'e auteur Yn in fraachpetear mei harsels, dat efteryn The Killing Moon tafoege is, fertelt Jemisin dat se Gujaareh basearre hat op it âlde Egypte, en Kisua op it âlde Núbje. De wrâld dêr't se dy beide riken op pleatst hat, is eins de moanne fan in gasreus; dy gasreus wurdt yn it boek oantsjut as de Dreamende Moanne. De oare (folle lytsere) moanne, oantsjut as de Untwekjende Moanne, is in oare moanne fan deselde gasreus. De dreamtsjoenderij fan 'e preesters fan Gujaareh basearre Jemisin op in ferminging fan 'e kosmology fan 'e âlde Egyptners mei de psychodymamyske teoryen fan 'e psychologen Sigmund Freud en Carl Gustav Jung. Yn in neiwurd by The Shadowed Sun fertelt Jemisin fierder dat Merik-ren-aferu, de griene delling yn 'e woastyn, basearre is op 'e Canyon de Chelly, yn Chinle (Arizona), yn it Navaho Yndianereservaat. It doarp fan 'e Banbarra yn Merik-ren-aferu is eins in beskriuwing fan ruïnes yn 'e Canyon de Chelly dy't efterlitten binne troch de Yndiaanske beskaving fan 'e Anasazy.
Kategory:Literêr wurk fan N.K. Jemisin Kategory:Fantasyromansearje Kategory:Ingelsktalige romansearje Kategory:Romansearje út 2012 Kategory:Literatuer oer tsjoenderij