Foarfallen 20-21 juny - Yn Kalkutta wurdt in grutte kloft Britske kriichsfinzenen troch de soldaten fan 'e nawab fan Bingalen yn in fierstente lytse tsjerker troppe. Yn dat 'Swarte Gat fan Kalkutta' komme de measten fan harren om ear't moarns de doar wer iepengiet. De Britske Eastyndyske Kompanjy sjocht dit foarfal as in casus belli en in reden om Bingalen te feroverjen. datum ûnbekend - De lêste sprekker fan 'e Polabyske taal ferstjert yn it easten fan Dútslân.

Berne 27 jannewaris Wolfgang Amadeus Mozart, Eastenryksk komponist († 1791). 27 maaie - kening Maksimiliaan I fan Beieren († 1825). 18 novimber - Harmen Beekkerk, Frysk keunstskilder († 1796)

Ferstoarn 18 april - Jacques Cassini, Frânsk astronoom (* 1677) 28 july - Johannes Buma, Frysk keunstskilder en dichter (* 1694)

Kategory:18e iuw