Zootopia (yn beskate lannen, wêrûnder Nederlân, útbrocht as Zootropolis, sjoch hjirre) is in Amerikaanske kompjûteranimearre tekenfilm út 2016. It wie de 55e jûnfoljende film fan 'e Walt Disney Animation Studios. De rezjy wie yn 'e hannen fan Byron Howard en Rich Moore, wylst de haadrollen ynsprutsen waarden troch stimakteurs Ginnifer Goodwin en Jason Bateman. Zootopia is in famyljefilm en plysjefilm, dy't spilet yn in metropoal, befolke troch antropomorfe bisten fan alderlei soarten. De plot folget Judy Hopps, de earste wylde knyn dy't de plysjeskoalle ôfrûne hat, wylst se besiket tsjin alle foaroardielen yn in plakje te feroverjen yn it plysjekorps fan Zootopia. De film briek nei de premiêre yn maart 2016 rekôrs yn 'e bioskopen, en wie de fjirde tekenfilm út 'e skiednis fan 'e filmyndustry dy't mear as $1 miljard opbrocht. Zootopia wûn de Oscar yn 'e kategory bêste tekenfilm en ferskate oare prestizjeuze prizen.
Plot Yn in wrâld dy't folslein befolke wurdt troch antropomorfe (har as minsken gedragende) bisten, ferfollet de wylde knyn Judy Hopps, dy't ôfkomstich is út it plattelânsdoarpke Bunnyburrow, de dream dy't se al as jongknyntsje hie troch plysje te wurden yn 'e grutte metropoal Zootopia (of Zootropolis, ôfhinklik fan 'e filmtitel dy't brûkt wurdt). Dêr blike lykwols suver allinne mar mânske bisten te wurkjen, lykas oaljefanten, noashoarnen en nylhoarsen. Judy is de earste knyn dy't de plysje-oplieding trochrûn hat. Hoewol't se as de bêste fan har klasse fan 'e plysjeskoalle kommen is, wurdt Judy troch kommissaris Bogo (in Kaapske buffel) oan it wurk set as parkearwachter, om't hy net ynsjocht hoe't in knyn doeltreffend as 'echte' plysje wurkje kinne soe. Dat is in grutte teloarstelling foar Judy, temear om't se har safolle foarsteld hie fan har wurk as plysje yn 'e grutte stêd. Har earste dei op it wurk wurdt noch helte minder as se har bedonderje lit troch in oplichtersduo, besteande út 'e foks Nick Wilde en de fennek Finnick.
As se likernôch in wike oan it wurk is as parkearwachter, en suver beswykt ûnder it deprimearjende karakter fan dy baan, wurdt se op in dei oanklampt troch in winkelbaarch dy't fan in sekfol bollen fan 'e krookjesoarte Midnicampum holicithias bestellen is troch in bretale gaudief, de wezeling Duke Weaselton. Judy set de efterfolging yn, dy't liedt nei in diel fan 'e stêd dêr't lytse bisten as mûzen en pipermûzen libje. Weaselton besiket Judy op alle mooglike manearen ôf te lieden fan har efterfolging, ûnder mear troch in úthingboerd, besteande út in doughnut ter grutte fan in rêdingsboei, los te skuorren en nei har ta te smiten. Judy kin it ding krekt op 'e tiid pakke foar't it in froulike pipermûs ferpletteret dy't krekt op dat stuit in sebrapaad oerstekt.
Uteinlik wit Judy Weaselton te fangen, mar neitiid kriget se op har kop fan kommissaris Bogo fanwegen alle skea en alteraasje dy't har efterfolging fan Weaselton oanrjochte hat, en om't it har wurk as parkearwachter net is om winkeldieven te fangen. Wylst se yn syn kantoar de wyn fan foarren kriget, komt frou Otterton dêr binnen, in rivierotter dy't de kommissaris al dagenlang lêstich falt oer de ferdwining fan har man Emmitt. Om't der yn koarte tiid fjirtjin rôfdieren ferdwûn binne, wêrfan't de oare trettjin allegear in stik grutter binne as in otter, hat de ferdwining fan Otterton foar kommissaris Bogo op dat stuit net in soad prioriteit. As Judy lykwols oanbiedt om it ûndersyk nei de Otterton-ferdwining op har te nimmen en loko-boargemaster Dawn Bellwether (in ei), dy't krekt op dat stuit ek it kantoar binnenkomt, dat in goed plan taliket, kin Bogo net oars as Judy op 'e saak sette. Hy praat lykwols mei har ôf dat se 48 oeren de tiid hat om Emmitt Otterton werom te finen. As dat har net slagget, moat se ûntslach nimme by de plysje.
Oan 'e hân fan in ôfdruk fan in byld fan in befeiligingskamera stelt Judy fêst dat de oplichter Nick Wilde de lêst bekende persoan is dy't Otterton libben sjoen hat. Mei de bânrekorder yn har pinne nimt se in petear op dat se mei Nick fiert, wêryn't hy tajout dat er him skuldich makke hat oan belestingfraude. Neitiid sjantearret Judy him mei dy opname om har te helpen by it weromfinen fan Otterton. Troch Nick syn bekendheid mei de stêd en de ûnderwrâld ûntdekke Judy en hy dat Otterton nei syn moeting mei Nick yn in limûsine stapt is. Earst tinke se dat de otter ûntfierd is, en dat fermoeden liket befêstige te wurden as se de oangeande limûsine fine en Nick dêr spoaren yn ûntdekt dy't liede nei de maffiabaas Mr. Big.
It hiele ûndersyk liket yn in fiasko te einigjen as Nick en Judy finzen nommen wurde troch de trewanten fan Mr. Big, dat in miniskule poalpipermûs blykt te wêzen, dy't bewekke wurdt troch in eskadron reuseftige iisbearen. Mr. Big hat noch in appeltsje te skilen mei Nick om't dy oan syn muoike in 'tapyt' ferkocht hat dat de pels fan 'e kont fan in stjonkdier bliek te wêzen. Op it stuit dat Nick en Judy ombrocht drige te wurden, ferskynt lykwols Mr. Big syn dochter Fru Fru op it toaniel, dat deselde pipermûs blykt te wêzen dy't Judy earder fan 'e ferplettering troch it doughnut-úthingboerd rêden hat. As tank foar it rêden fan it libben fan syn dochter beslút Mr. Big Judy en Nick dan by it ûndersyk te helpen. Hy fertelt dat Otterton út frije wil yn 'e limûsine ynstapt wie, om't er in saak mei Mr. Big ôf te hanneljen hie, mar dat er ûnderweis degenerearre ta in ferwyldere steat en Mr. Big syn sjauffeur Manchas oanfoel om dêrnei út te piken.
As Judy en Nick nei it hûs geane fan Manchas (in swarte jaguar), fertelt dy harren dat Otterton wat raasde oer "nachtgûlers" foar't er him oanfoel. Nei't er lykwols mar in pear tellen út harren sicht west hat, rekket Manchas sels ek ferwyldere en falt er Judy en Nick oan. By in eange nachtlike efterfolging troch it reinwâlddistrikt fan Zootopia rêdt Judy Nick syn libben troch Manchas fêst te setten en it plysjeburo om help te skiljen. Mar as kommissaris Bogo mei fersterkings arrivearret, blykt Manchas ferdwûn te wêzen. De kommissaris leaut neat fan Judy har ferhaal, en mient dat it alhiel fuortkomt út 'e skrikfalligens wêrfan't eltsenien wit dat kninen dêroan lije. It bewiist foar him dat sy ûngeskikt is om by de plysje te wurkjen en hy easket daliks har ûntslach. Nick bringt him lykwols fyntsjes tebinnen dat Judy 48 oeren hie om 'e ferdwining fan Otterton op te lossen, en dat dêrfan noch 10 oeren oer binne.
As se harren rie te'n ein it stedhûs besykje, biedt loko-boargemaster Bellwether Judy en Nick direkte tagong ta de bylden fan 'e befeiligingskamera's yn 'e stêd. Dan ûntdekke se dat Manchas finzen nommen is troch wolven, en Judy nimt daliks oan dat dàt de "nachtgûlers" binne dêr't Otterton it oer hie (wolven gûle ommers nei de moanne, sa't eltsenien wit). Sy en Nick folgje it spoar fan Manchas en syn ûntfierders nei it Psychiatrysk Sikehûs Cliffside, en as se dêr ynbrekke, fine se net inkeld Manchas werom, mar ek Otterton en alle oare trettjin ferdwûne rôfdieren. Boppedat ûntdekke se dat boargemaster Leodore Lionheart (in liuw) harren dêr bûten it sicht fan 'e media en de publike opiny finzen hâldt wylst er wittenskippers oan it wurk hat om 'e oarsaak fan harren ferwyldering te ûndersykjen. Lionheart is deabenaud dat útkomme sil dat rôfdieren samar ferwylderje en oare bisten oanfalle kinne: as liuw is hy ommers ek in rôfdier, en soks soe samar de ein fan syn politike karriêre betsjutte kinne.
Judy en Nick belûke kommissaris Bogo en de plysje by harren ûntdekking. Dêrop wurde Lionheart en de stêf fan it psychiatrysk sikehûs arrestearre foar ûntfiering en ûnrjochtlike finzenskip. Loko-boargemaster Bellwether wurdt de nije boargemaster. Judy, dy't ûnder harren ûndersyk befreone rekke is mei Nick, freget him om him yn te skriuwen foar de plysjeskoalle, om't er oanlis hat foar plysjewurk, en om't sy ferlet hat fan in partner. Sels kriget Judy no einlings en te'n lêsten de erkenning dêr't se sa lang op longere hat, mar dat blykt in twasnedich swurd te wêzen. By in parsekonferinsje ferpraat se har troch te suggerearjen dat de reden foar de ferwyldering fan 'e ûntfierde bisten dy't yn it psychiatrysk sikehûs weromfûn binne, gearhinget mei harren biology as rôfdieren. Dêrmei ropt se eangst op ûnder de 90% fan 'e ynwenners fan Zootopia dy't út proaidieren bestiet, en dy eangst slacht al rillegau om yn haat en diskriminaasje. Ek har eigen freonskip mei Nick, dy't ommers as foks ek in rôfdier is, kriget in slimme knau, en hy wol neat mear fan har witte. Mei't se har skuldich fielt en it gefoel hat dat se mei har wurden Zootopia fernield hat, nimt Judy neitiid ûntslach en keart werom nei Bunnyburrow. Dêr lûkt se wer by har âlden yn, dy't woartels en blauwe blebberbeien ferbouwe en ferkeapje.
Op in stuit komt yn in petear mei har heit en mem te praat dat 'nachtgûlers' in bynamme is foar in beskate soarte krookjes. Sokke blommen befetsje in neurotoksine dat op sûchdieren slimme psychotropyske effekten hat dy't liede ta in steat fan ferstânleaze agresje. As Judy beseft dat it om deselde soarte krookje giet as dêr't Duke Weaselton de blombollen fan stiel, giet har in ljocht op. Se giet halje-trawalje werom nei Zootopia, dêr't se har rûzje mei Nick byleit. Neitiid konfrontearje sy beiden Weaselton mei Judy har nije ynformaasje, en Weaselton jout dan ta (nei't Mr. Big him derfan oertsjûge hat dat it it bêste foar him is om mei te wurkjen) dat er de blombollen stellen hie foar in ûnsympatike raam dy't Doug hjit. Judy en Nick fine Doug yn in laboratoarium yn in âlde metrotrein yn in tunnel ûnder Zootopia, dêr't er dwaande is om mear fan it gif fan 'e nachtgûlers te meitsjen, dat er yn in ferdôvingspylkje docht om ôfsketten te wurden mei in ferdôvingsgewear. Ut in tillefoanpetear kinne Judy en Nick ôfliede dat Doug dejinge is dy't alle 'ferwyldere' rôfdieren mei it gif ynjektearre hat troch se mei it ferdôvingsgewear te sjitten.
Judy en Nick besykje mei de metrotrein út te naaien, mar trochdat de tsjinwurking fan Doug en twa oare rammen op in oanhâldend gefjocht útrint, rekket de metro úteinlik yn in tunnel ûnder it Natoerhistoarysk Museum ûntspoard mei as gefolch in ûntploffing en in brân wêrby't alle bewiismateriaal yn flammen opgiet. Utsein it ferdôvingsgewear mei it lêste ferdôvingspylkje, dat Nick út 'e metrowagon rêden hat. Ear't Judy en Nick kontakt opnimme kinne mei de plysje, wurdt harren yn it museum lykwols de pas ôfsnien troch boargemaster Dawn Bellwether, foar wa't Doug en de oare rammen blike te wurkjen. Judy en Nick komme tegearre finzen te sitten yn ien fan 'e útstallings nei't Nick wegeret om Judy efter te litten as dy har ankel ferdraaid hat. Bellwether, dy't it ferdôvingsgewear fûn hat dat Nike en Judy op harren flecht kwytrekke binne, sjit Nick mei it ferdôvingspylkje, mei as gefolch dat er ferwyldere rekket en him tsjin Judy keart. Underwilens skillet Bellwether sels de plysje op om oan te jaan dat se der tsjûge fan is hoe't in ferwyldere foks yn it Natoerhistoarysk Museum efter in warleas knyntsje oan sit.