Teltsjes fan Tellegen is in ferhalebondel mei 41 fabels fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer Toon Tellegen. It is in blomlêzing út syn wurk dy't yn dizze gearstalling net yn it Nederlânsk ferskynd is, en inkeld yn it Frysk útbrocht is. De ferhalen waarden oerset troch Anne Tjerk Popkema, dy't earder mei Mearkes fan Grimm ek al in soartgelikense bondel berneteltsjes nei it Frysk fertaalde. Teltsjes fan Tellegen waard yn 2017 publisearre troch Utjouwerij Regaad te Grins, mei yllustraasjes fan Douwe Dijkstra. De útjefte waard mei mooglik makke troch finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân, de Stichting Kristlik Frysk Folksboek, de Boersma-Adema Stichting, it Pot-Cuperus Fûns en de Douwe Kalma Stifting. Yn 2018 publisearre Regaad fan Teltsjes fan Tellegen in twadde printinge. __TOC__ Ynhâld De 41 fabels út Teltsjes fan Tellegen waarden selektearre út 'e yn it Nederlânsk útbrochte ferhalebondels Misschien Wisten Zij Alles (2009) en Iedereen Was Er (2015), beide ferskynd by Em. Querido's Uitgeverij yn Amsterdam. Trije fan 'e fabels (It Wie Nacht, Op in Moarntiid Kaam de Kreeft en Doe't Er Moarns in Kuierke Makke) wiene noch net earder publisearre. {| class="vatop" | It Wie Nacht Op in Moarntiid De Kreeft Kloppe op de Doar fan de Mûs Op in Moarntiid Kaam de Kreeft Fladderje... De Flinter Siet op de Blom Op it Feest fan de Kamiel Op in Waarme Simmerjûn Op in Dei Foel de Oaljefant De Ychel Die Efterhûs in Slachje om De Bear Kaam te Let "Earst Ite," Sei de Bear Yn in Lyts Boatsje Op in Dei Swom de Walrus Hoe Heech Kinsto Eins Springe? Op in Dei Waard de Sprinkhoanne Midden yn 'e Bosk Op in Dei Iepene de Krikel Op it Feest fan de Krikel Yn it Tsjuster Lei de Gloeiwjirm | width=25 | | Op in Middei Skreau de Tuorre Midden yn 'e Nacht Lei de Kever Op in Dei Joech de Rûp in Feest It Wie Waarm Op in Dei Woe de Slang De Skyldpod en de Slak Ik De Podde Wie Poerlilk It Falt Net Ta Midden yn 'e Loft Op in Jûn Wie Der in Muzykútfiering It Geroft Gie troch de Bosk Doe't Er Moarns in Kuierke Makke Bêste Mosk Doe't de Krie op in Kear Samar Lilk Wie Op in Dei Skynde de Sinne Sa Fûl Op in Kear Foel de Sinne yn Sliep De Mol en de Ierdwjirm Wannear Komst No Ris op Besite? Midden yn 'e Nacht Stuts de Strúsfûgel|} De Iikhoarn lei op Bêd''
Kategory:Mearkebondel Kategory:Frysktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2017 Kategory:Fryske oersetting