Iderien wurdt bekend is de debútsingle út 2016 fan Frerik de Swetser út Wikel.
Frerik de Swetser kaam yn 2016 mei dit nûmer binnen op it tredde plak fan de Fryske Top 100. Fan it liet bestiet in klip.<ref>[https://chordu.com/chords-tabs-iderien-wurdt-bekend-van-frerik-de-swetser-offici%C3%ABle-videoclip-id_HhsQx_MaEng Klip fan Iderien wurdt bekend]</ref> Yn de klip dogge in soad bekende Friezen mei: Johannes Rypma en de Bounty Hunters, Emiel van de Hûnekop, Jelle B, Jack Bottleneck, de Suskes, Strawelte, de Dikke Lul Band en Willem Waldpyk.Heeft Frerik de Swetser vierde grote Friestalige hit?, yn: Sneeker Nieuwsblad, 30 septimber 2016 Fierders binne Jack Bottleneck, Arie Kuipers, Arjen, Foppe Land, Wout Paulides Sipke de Boer, Sytse Haima, Stilt Walk Company en Franciska Schram en Fokko Dam te sjen. Yn 2018 ferskynde de Nederlânske ferzje fan it liet mei de titel Iedereen wordt bekend.Frysk FM
Yn dit nûmer stekt er de gek mei it Fryske muzykwrâldsje. Sa freget er himsels ôf wêrom 't hy noch net bekend is, oars as de Hûnekop, Johannes Rypma en Jelle B.
Te hearren op Iderien wurdt bekend (single, 2016) De hits fan Frysk FM ; vol.1'' (CD) Marista MCD 17181, septimber 2017
Kategory:Single út 2016 Kategory:Frysktalich liet