De Ida Gerhardt Poëzypriis is in Nederlânske literatuerpriis dy't sûnt 2000 útrikt wurdt.

De priis waard ynsteld troch de gemeenteried fan Sutfen yn 1998 en is ferneamd nei de dichteresse Ida Gerhardt, by gelegenheid fan de oerdracht fan de literêre neilittenskip fan Ida Gerhardt oan it Sutfens Stedsargyf yn 1997.

De Ida Gerhardt Poëzypriis wurdt om it jier útrikt foar in nij ferskynde Nederlânsktalige dichtbondel en bestiet út in bedrach fan € 2.500.

Winners 2024 - Piet Gerbrandy – Niets dan dit. Een lijflied voor de ziel 2022 - Anne Vegter - Big data 2020 - Marieke Lucas Rijneveld - Fantoommerrie 2018 - Menno Wigman - Slordig met geluk. De priis waard postúm takend. 2016 - Peter Verhelst - Wij totale vlam 2014 - Pieter Boskma - Mensenhand 2012 - Henk van der Waal - Zelf worden 2010 - Alfred Schaffer - Kooi 2008 - Nachoem Wijnberg - Liedjes 2006 - Astrid Lampe - Spuit je ralkleur 2004 - Lloyd Haft - Psalmen 2002 - Anneke Brassinga - Verschiet 2000 - Kees 't Hart - Kinderen die leren lezen

Kategory:Nederlânske poëzypriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1998