Abraham (Appie) Bueno de Mesquita (Amsterdam, 23 july 1918 – Lelystêd, 19 augustus 2005), meast yn 't koart Bueno de Mesquita of Bueno neamd, wie in Nederlânske komyk en akteur fan joadsk komôf.

Libben en wurk Yn de Twadde Wrâldoarloch bedarre Bueno de Mesquita yn it trochgongskamp fan Kazerne Dossin yn it Belgyske Mechelen. Doe't de SS-kommandant muzikanten socht, melde Bueno de Mesquita him oan. Sadwaande ûntkaam er oan deportaasje nei konsintraasjekamp Auschwitz.

Bueno de Mesquita wurke as bandparodist en as muzikant, ûnder oare yn it orkest fan Malando en by The Skymasters. Mei ûnder oaren Rudi Carrell, Rita Corita en André van Duin wurke er op as komyk; fan 1968 ôf by Carrell yn Dútslân. As akteur hie er ûnder mear in rol yn de telefyzjerige Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer?.

Bueno de Mesquita stoar yn de âldens fan 87 jier oan de gefolgen fan longkanker en in harsenstumor.

Filmografy 1964 - Spuit Elf (film) 1976 - De radiodroom 1977 - In Tirol gaat de ontucht nooit verloren 1978 - De Tiroler sex-expres 1979 - Himmel, Scheich und Wolkenbruch 1980/1981 - Dag '80, hallo '81

Autobiografy Abraham Bueno de Mesquita: "Cello met een snaar; mijn levensverhaal" (ISBN 90-513-2017-5)

Underskiedingen Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau (2003) Ambassadeur fan de gemeente Lelystêd

Keppeling om utens Abraham Bueno de Mesquita yn de IMDb

Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk komyk Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Holokaustoerlibbene Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2005