Fianen (Nederlânsk en offisjeel: Vianen) is in stêd en in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Utert. Oant 1 jannewaris 2002 lei it yn de provinsje Súd-Hollân.
Gemeentefúzje
Op 10 novimber 2015 waard bekend dat Fianen fusearje soe mei de tichteby lizzende Súd-Hollânske gemeenten Leerdam en Zederik ta in nij te foarmjen gemeente Vijfheerenlanden.Fusie Zederik, Leerdam en Vianen gaat door, RTV Rijnmond, 10 novimber 2015 De nije fúzjegemeente komt by de provinsje Utert. De weryndieling sil op 1 jannewaris 1919 syn beslach krije. Op 1 jannewaris 2018 waarden de amtlike organisaasje fan de trije gemeentes al gearfoege.Vianen, Leerdam en Zederik lizze straks offisjeel yn Utert Algemeen Dagblad, 29 novimber 2016
Geografy Lizzing De stêd Fianen leit oan de Lek yn de Vijfheerenlanden en is útgroeid ta in grut forinzeplak, mei twa grutte Rykswegen, de A2 en de A27 dy 't troch it gebiet rinne.
De gemeente Fianen is de iennige Utertske gemeente besuden de rivier de Lek. De gemeente grinzet yn it noarden oan de Utertske gemeentes (mei de klok mei) Lopik, Iselstein, Nieuwegein en Houten, en wurdt fan dy gemeentes skieden troch de Lek. Yn it suden grinzet Fianen oan de gemeenten (fan east nei west) Kulemboarch, Leardam en Zederik.
Kategory:Plak yn Fiifhearelannen Kategory:Eardere gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Eardere gemeente yn Utert Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2019