thumb|Kralebeurske thumb|ôfbyld fan in kralebeurske op in skilderij fan Joshua Reynolds út 1774 In kralebeurske is in beurske, ponkje of budel dy ’t fan kraaltsjes makke is.

It breidzjen mei kraaltsjes is al iuwenâld. Op in skilderij fan Joshua Reynolds út 1774 stiet in jonkje ôfbylde dat in kralebeurske stellen hat.Skilderij fan Joshua Reynolds Kralebeurskes, -budels en -taskes waarden fan it begjin fan de njoggentjinde iuw populêr. It wiene gebrûksfoarwerpen, mar joegen ek de status fan de brûkster oan. De brûkte patroanen wiene faak streekeigen en hearden by de dracht. Sa wiene Siuwske beurskes werkenber oan in stjerrepatroan. Foar sa’n sânpuntige stjer waarden meastentiids blauwe tinten brûkt.Kralentassen.nl Dêromhinne siet meast in kartele râne. In soad taskes waarden makke yn it suden fan Dútslân., Glasperlarbeiten. Taschen und Beutel. Von der Vorlage zum Produkt..

De beurskes hienen in grut ferskaat oan blommotiven mar der waarden ek wol beroppen, bouwurken, lânskippen en bistefigueren útbylde. As symbolyk waarden faak sinnebyldige ôfbyldings as anker, pylk, kaai, hert en krús tapast.Kralenwerk De brûkte motiven wiene ek bûn oan de tiid. Sa waarden yn de Biedermeiertiid de kralenbeurskes opgnist mei blommen, letter waarden ek motiven yn art deco styl brûkt.

Bûgel De bûgel fan de beurskes kin yn ferskate maten makke wêze fan nikkel, sulver of in mingsel dêrfan lykas alpaca dat yn Dútslân ûntstie. Neist bûgels mei kontoeren hienen se ek faak gravearre ornamintsjes. http://www.geheugenvannederland.nl/?/nl/items/FSM01:1987-129 Geheugen van Nederland]

Technyk Eins elke hânwurktechnyk kin mei kralen dien wurde, lykas weve, gympe, knoopje, frivolité, bordueren en kantklossen, mar faak moatte de kraaltsjes earst reaun wurde. Earst wurde lytse kraaltsjes neffens telpatroan op in lange trie reaun. Elke stek is by it breidzjen in kraal. Beurskes en taskes kinne út ien stik breide wurde of út foar- en in efterside dy ’t letter oan elkoar setten wurde. Gelderske mûtsen It rûnbreidzjen wurdt meast dien mei fiif tinne breidspriemmen wêrtroch ‘t de foar- en efterkant elk op twa priemmen steane. Nei it ôfwurkjen en it ynsetten fan de fuorring wurdt it gehiel oan de draachbûgel fêstmakke. Oan de ûnderside fan de beurskes waarden soms franjes makke.Changeant

Kategory:Kultuer yn Dútslân Kategory:Beurs