Jhr. dr. Frederik Ernst Vegelin van Claerbergen (Arnhim, 10 septimber 1969) is in Nederlânsk museumdirekteur.

Biografy Vegelin is telch út it laach Vegelin van Claerbergen en in soan fan ambassadeur jhr. mr. Maximilien Vegelin van Claerbergen (1927-2011) en Eudia Beatrix Pierson (1941). Hy troude yn 2003 mei Miori Kato, en krige mei har ien bern.

Vegelin studearre oan it Trinity College dêr 't hy in BA helle. Dêrnei helle hy in MA en in PhD oan The Courtauld Institute of Art, de PhD yn 1999. Hy is spesjalisearre yn let-16e-iuwske religieuze keunst. Hy is haad fan it museum The Courtauld Gallery, fêstige yn Somerset House yn Londen.

Bibliografyske bydragen The portrait of Sir John Luttrell. A Tudor mystery. Londen, 1999. David Teniers and the Theatre of painting. Londen, 2006. Renoir at the theatre. Looking at La Loge. Londen, 2008.

Ernst Kategory:Nederlânsk museumdirekteur Kategory:Fryske adel Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1969