It Russysk (русский язык) is ien fan de grutste talen fan’e wrâld en de grutste kultuertaal yn Jeropa. It Russysk heart ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Binnen dizze taalfamylje heart it ta de Slavyske talen. It Russysk foarmet tegearre mei it Oekraynsk en it Wytrussysk de East-Slavyske taalgroep.
thumb|right|It Igorliet, ien fan de âldst bekende literêre Russyske teksten.
Taalklassifikaasje It Russysk is in Slavyske taal út de Yndo-Jeropeeske taalfamylje. It heart ta de Eastslavyske talen, tegearre mei it Oekraynsk en it Wyt-Russysk (Belarussysk).
De Eastslavyske talen ûntstienen út it Ald-Eastslavysk of Aldrussysk, de taal dy't yn de midsiuwen sprutsen waard yn it gebiet fan it Kievske Ryk (Kiëvske Rûs). Ut dy taal ûntwikkelen har de trije moderne Eastslavyske talen.
Binnen de Slavyske taalgroep is it Russysk it meast sprutsen en hat it de grutste geografyske fersprieding. It is nau besibbe oan it Oekraynsk en it Wyt-Russysk, mar hat ek in soad oerienkomsten mei oare Slavyske talen lykas it Poalsk, Tsjechysk, Slowaaksk, Bulgaarsk en Servysk.
Taalkundich wurdt it Russysk karakterisearre troch in rike bûgingsmorfology, in fleksibele wurdfolchoarder en in grut tal lienwurden, benammen út it Aldtsjerkeslavysk, Gryksk, Nederdútsk, Frânsk en Ingelsk. It hat ek in soad ynfloed hân op de talen fan de eardere Sovjet-Uny, dêr't it faak as lingua franca brûkt waard.
Skiednis Hja geane der fan út dat yn it twadde millennium foar Kr. binnen de Yndo-Jeropeeske taalfamylje it Protoslavyske dialekt ûntstie, dat him losmakke hie út de Balto-Slavyske groep. Yn it earste millennium nei Kr. hat it Protoslavysk him transformearre yn it Oerslavysk. Yn de 6e-7e iuw foel de taal útien yn trije groepen dialekten: de East-Slavyske, de West-Slavyske en de Súd-Slavyske groep. Ut de East-Slavyske dialekten ûntstienen yn de 14e-15e iuw it Russysk (Grutrussysk), it Oekraynsk (Lytsrussysk) en it Wytrussysk. Yn de 16e-17e iuw ûntstienen der Noard- en Súd-Russyske dialekten en Middelgrutrussyske oergongsdialekten.
De âldste skriftlike boarnen yn de skiednis fan it Russysk binne de Kodeks fan Novgorod (earste kwart 11de iuw), it Ostromir-evangeelje (1056/57) yn it Tsjerkeslavysk en koarte brieven op bjirkebast (fan de 11de iuw ôf) yn Aldnovgorodsk dialekt. Yn de midsiuwen waard de diskrepânsje tusken skreaune en sprutsen taal hieltiten grutter, trochdat men yn de literatuer in argaysk Russysk brûken bleaun dat sterk leunde op it Tsjerkeslavysk, wylst de sprutsen taal him fierder ûntwikkele. It autobiografyske "Libben" fan aartspreester Avvakoem Petrov út de twadde helte fan de 17e iuw wie skreaun yn de sprutsen folkstaal en dêrmei it earste wurk fan de Russyske literatuer.
upright=1.5|thumb|Wrâldwiid brûken fan it Russysk
Michail Lomonosov lei de grûnslach foar it moderne Russysk yn de twadde helt fan de 18e iuw; Nikolaj Karamzin skoep ein 18e iuw de literêre noarm wêrop Aleksandr Poesjkin fierder bouwe koe. De hjoeddeiske Russyske literêre taal is om 1800 hinne ûntstien op basis fan it Moskouske dialekt.
Yn it Russysk kin men in protte lienwurden fine út it Frânsk, Dútsk, Latyn en út Turkske talen, wêrûnder it Tataarsk. It Russysk hat in grutte ynfloed ûndergien fan it Tsjerkeslavysk, wat der ta laat hat dat noch altyd in soad saneamd Tsjerkeslavismen yn it moderne Russysk fûn wurde kinne.
Status en geografyske fersprieding It Russysk is de offisjele taal fan de Russyske Federraasje en ien fan de wurktalen fan de FN. Neist it Russysk wurdt yn Ruslân noch in hûnderttal oare talen sprutsen, wêrûnder Tsjetsjeensk, Tataarsk, Kirgizysk, Basjkiersk. Yn de Sovjet-Uny waard it Russysk as lingua franca brûkt; yn guon eardere Sovjetrepubliken hat de taal dy status noch altyd, mar net mear sa bot as doe.
+ Geografyske fersprieding fan Russysktaligen yn 'e wrâld Lân/regio Soart gebiet Oantal Russysktaligen Beskriuwing 20px Ruslân Haadgebiet sa'n 145 miljoen It grutste Russysktalige gebiet yn 'e wrâld. Russysk is de nasjonale en offisjele taal fan de Russyske Federaasje en tsjinnet as lingua franca yn in grut part fan it lân. 20px Wyt-Ruslân Haadgebiet mei meartaligens sa'n 9 miljoen Russysk is njonken it Wyt-Russysk in offisjele taal. It is foar in grut part fan de befolking de deistige omgongstaal. 20px Kazachstan Haadgebiet mei meartaligens sa'n 15 miljoen Russysk hat offisjele status as taal fan ynteretnyske kommunikaasje. It wurdt rûnom brûkt yn bestjoer, ûnderwiis en media. 20px Oekraïne Grutte minderheid sa'n 10–15 miljoen Russysk waard tradisjoneel in soad sprutsen yn it easten en suden fan it lân en yn grutte stêden. Sûnt 2014, en benammen nei 2022, is it iepenbiere gebrûk fan it Russysk yn in soad gebieten ôfnommen. 20px Moldaavje Minderheid sa'n 500.000–700.000 Russysk wurdt in soad brûkt yn stêden en is de dominante taal yn Transnistrië. 20px Letlân Minderheid sa'n 500.000 Russysk is de grutste minderheidstaal fan it lân, benammen yn Riga en Daugavpils. 20px Estlân Minderheid sa'n 400.000 Russysk wurdt benammen sprutsen yn it noardeasten en yn de haadstêd Tallinn. 20px Litouwen Minderheid sa'n 200.000 Russysk wurdt benammen sprutsen troch de Russyske minderheid en troch in part fan de âldere befolking. 20px Kirgyzje Haadgebiet mei meartaligens sa'n 4 miljoen Russysk is njonken it Kirgyzysk in offisjele taal en wurdt breed brûkt yn bestjoer en ûnderwiis. 20px Oezbekistan Minderheid sa'n 3–5 miljoen Russysk is in wichtige omgongs- en hannelstaal, benammen yn stedske gebieten. 20px Armeenje Twadde taal sa'n 2 miljoen Russysk wurdt breed leard en brûkt yn ûnderwiis, media en ynternasjonale kommunikaasje. 20px Azerbeidzjan Twadde taal sa'n 2 miljoen Russysk spilet in wichtige rol yn heger ûnderwiis, media en hannel. 20px Georgje Twadde taal sa'n 1 miljoen Russysk wurdt benammen sprutsen troch âldere generaasjes en etnyske minderheden. 20px Israel Diaspora sa'n 1,2–1,5 miljoen Troch ymmigraasje út de eardere Sovjet-Uny is Russysk ien fan de meast sprutsen minderheidstalen fan it lân. 20px Dútslân Diaspora sa'n 3–4 miljoen In grutte Russysktalige mienskip bestiet út ymmigranten út Ruslân en oare eardere Sovjetrepublyken. 20px Feriene Steaten Diaspora sa'n 1 miljoen Russysk wurdt benammen sprutsen yn grutte stêden lykas New York en Los Angeles. 20px Kanada Diaspora sa'n 250.000 Russysktalige mienskippen binne benammen te finen yn Toronto, Montreal en Vancouver. 20px Austraalje Diaspora sa'n 100.000 Russysk wurdt sprutsen troch ymmigranten út Ruslân, Oekraïne en oare eardere Sovjetsteaten.
Skaaimerken Alfabet It Russysk makket gebrûk fan in fariant fan it syrillyske alfabet, dat yn syn hjoeddeiske foarm bestiet sûnt 1918, doe’t it alfabet herfoarme waard en in pear lettertekens ôfskaft binne. De lêste grutte spellingherfoarming is trochfierd yn 1956. It hjoeddeiske Russyske alfabet hat 33 letters:
А аБ бВ вГ гД дЕ еЁ ёЖ жЗ зИ иЙ йК кЛ лМ мН нО оП пР рС сТ тУ уФ фХ хЦ цЧ чШ шЩ щъыьЭ эЮ юЯ я
Fonetyk en fonology It Russyske klanksysteem hat fiif klinkers en seisentritich bylûden. It Russyske klanksysteem hat twa kenmerkende eigenskippen: fokaalreduksje en in fonologyske opposysje tusken "hurde" en "sêfte" bylûden.
Hurde en sêfte bylûden De measte bylûden komme foar yn in saneamde hurde en sêfte (palatalisearre) fariant. It ferskil tusken hurd en sêft is betsjuttingûnderskiedend en wjerspegelet him yn de stavering. By de útspraak fan in palatalisearre bylûd beweecht de tonge him rjochting it hurde ferwulft (palatum), wêrtroch in lichte j-klank te hearren is. Sa klinkt de sêfte n lykas de nj (ɲ) yn it Fryske wurd "branje".
Fokaalreduksje It beklamme wurdlid wurdt heallang útsprutsen, de ûnbeklamme wurdlidden koart. It wurdaksint hat yn it Russysk grutte gefolgen foar de útspraak; dit ferskynsel wurdt Fokaalreduksje neamd. Troch fokaalreduksje falt in oantal bylûden bûten de klam gear en wurde se minder prononsearre, "doffer" útsprutsen. Reduksje tredet nei hurde bylûden op by de /o/ en de /a/ (dy’t gearfalle oant [a] of [ə]); nei sêfte bylûden falle /e/, /a/ en /i/ gear ta in koarte i. De /u/ en de y kenne gjin reduksje.
Hoe fierder in bylûd fan it beklamme wurdlid ôf stiet, nammenste mear hy bleatsteld wurdt oan reduksje, lûden nei de klam wurde meastentiids folslein redusearre. Sa wurdt in ûnbeklamme o útsprutsen as [a] at hy flak foar it beklamme wurdlid stiet; stiet hy fierder fuort, klinkt hy as [ə]. It wurd молокó ("molke") wurdt sadwaande útsprutsen as [məla'ko], вóдка ("wodka") as ['votkə]. Lûden oan it begjin fan in wurd wurde lykwols net folslein redusearre: автомáт klinkt as [aftamat].
Stimhawwende en stimleaze bylûden Krekt as yn it Nederlânsk wurde stimhawwende bylûden oan’e ein fan in wurd stimleas; in wurd as хлеб (chleb, "brood") klinkt dêrtroch as chlep, юг (joech, "it suden") as joek.
As in stimhawwende en in stimleas bylûd botse tredet der saneamde regressive assimilaasje op (regressyf = fan efter nei foaren). Dit wol sizze dat de hiele kluster ofwol stimhawwend wurdt, ofwol stimleas, bepaald troch it lêste bylûd. Under de seksje fokaalreduksje hjirboppe binne al twa foarbylden te finen: dk (stimhawwend-stimleas) wurdt [tk] (stimleas) yn водка, vt wurdt [ft] yn автомат. Oare foarbylden binne с Борисом ("mei Boris"), wêryn’t sb (stimleas-stimhawwend) as [zb] (stimhawwend) útsprutsen wurdt, en отзыв (û.o. "reaksje"), wêryn’t tz ta dz assimilearre wurdt.
Grammatika It Russysk is een taal dy’t frijwat fleksje ken; dit betsjut dat wurden feroarje neffens harren grammatikale funksje yn de sin. Hjir spylje de namfallen in kaairol. It hjoeddeiske Russysk hat seis namfallen: nominatyf, genityf, datyf, akkusatyf, ynstrumintalis en prepositionalis/lokatyf. It Russysk hat trije wurdgeslachten: manlik, froulik en ûnsidich, dy’t yn’e regel morfologysk markearre binne. Yn de ferbûging wurdt ûnderskied makke tusken de geslachten en tusken iental en meartal, wat resultearret yn in grut tal útgongen. It Russysk hat gjin lidwurden.
It Russyske tiidwurd hat trije tiden: de tsjintwurdige tiid, doetiid en takomstige tiid. De tsjintwurdige en takomstige tiid wurde bûgd mei persoan (1e, 2e, 3e) en getal; yn de doetiid wurdt ûnderskied makke tusken manlik, froulik, ûnsidich en meartal. Der binne twa typen bûgings, hoewol’t binnen dizze haadtypen ôfsûnderlike bûgings oanwiisd wurde kinne. It slimste ûndediel fan de Russyske grammatika is it saneamde aspekt. Men ûnderskiedet it ymperfektive en perfektive aspekt. De measte tiidwurden besteane yn twa farianten, in ymperfektive en in perfektive foarm, dy’t tegearre in aspektpear neamd wurde. It ymperfektive aspekt besjocht de hanneling op himsels, it perfektive aspekt besjocht de hanneling yn in kontekst fan sitewaasjewikseling of resultaat. As yllustraasje: it tiidwoord "iepenje" bestiet yn twa foarmen otkryvat' (ymperfektyf) en otkryt' (perfektyf). Yn de sin "Ja dolgo otkryval dver', no ne otkryl jejo" ("Ik wie lang dwaande de doar te iepenjen mar haw him net iepen dien") wurdt foar de handeling fan it iepenjen it ymperfektive tiidwurd brûkt en foar it oanjaan fan it weibliuwen fan resultaat - it perfektive tiidwurd.
It Russysk is in SVO-taal, hoewol’ t de wurdfolchoarder net strikt fêstleit. It Russysk brûkt de wurdfolchoarder om ynformaasje binnen de sin hiërargysk te strukturearjen; dit wurdt by fersin faak oansjoen foar in frijere wurdfolchoarder.
It wurdaksint yn it Russysk hat gjin fêste regels en is faak ûnfoarspelber, it kin binnen in bûging ferspringe.
Transliteraasje De transliteraasje fan it Russyske nammen nei it Frysk giet sa:
Letter Transliteraasje А а a Б б b В в v Г г g Д д d Е е je / e, sjoch noat 1 Ё ё jo Ж ж zj З з z И и i Й й j К к k Л л l М м m Н н n О о o П п p Р р r С с s Т т t У у û (foar in r better: oe) Ф ф f Х х ch Ц ц ts Ч ч tsj Ш ш sj Щ щ sjtsj Ъ ъ sjoch noat 2 Ы ы y Ь ь sjoch noat 3 Э э e Ю ю jû (foar in r better: joe) Я я ja noat 1: Е е: gauris transliterearre as 'e', mar faker eins de klank fan 'je' yn "jern" (dus bgl. we skriuwe "Aleksander", mar de útspraak is eins mear "Aljeksander")