Troansôfstân of abdikaasje (fia it Frânsk fan it Latynske abdicatio, fan ab, "by ... wei" en dicare, "opdrage") is it formeel opjaan fan monargale autoriteit. Soks komt foar yn monargyen en is njonken it ferstjerren fan 'e âlde monarch de wichtichste wize om 'e kroan en alle gesach dy't dêrmei mank giet, oer te dragen oan in opfolger.

Utlis Yn guon kultueren en maatskippijen, wêrûnder dy fan 'e Benelúks, Súdeast-Aazje en it Japan fan foar de Meiji-restauraasje, wurdt of waard troansôfstân sjoen as in hiel normaal barren, dat helpt om 'e stabiliteit fan 'e monargy en de monargale erfopfolging te waarboargjen troch it oerdragen fan rjochten en plichten oan in jongere generaasje as in monarch te âld en/of krebintich wurdt om syn of har funksje noch nei behearren út te oefenjen. Yn oare kultueren, lykwols, wêrûnder dy fan it Feriene Keninkryk, Monako en de Skandinavyske lannen, wurdt abdikaasje beskôge as in ûnbetamsum fersaakjen fan 'e plichten fan in monarch, dy't inkeld troch de dea opjûn hearre te wurden.

Histoarysk binne abdikaasjes foarkommen yn twa foarmen: fijwillige troansôfstân, wêrby't de monarch út eigen frije wil beslút om syn monargaal gesach oan in oar (yn 'e regel in soan of dochter) oer te dragen, en twongen troansôfstân, wêrby't de monarch troch oaren ûnder eksplisite of ymplisite bedriging mei de dea of mei oare aaklike konsekwinsjes ta abdisearjen twongen wurdt. Yn it lêste gefal kin it gean om in yntern konflikt binnen de regearjende dynasty, wêrby't de abdisearjende monarch opfolge wurdt troch in lid fan syn eigen famylje. Fierders is it mooglik dat de hiele dynasty mei de monarch oan 'e kant skood wurdt, om ferfongen te wurden troch in rivalisearjende dynasty. En ek kin it dat de monargy hielendal ôfskaft wurdt en dat nei de troansôfstân fan 'e monarch de republyk útroppen wurdt.

Yn it gefal fan twongen troansôfstân giet de oanbelangjende monarch neitiid ornaris frijwillich of ûnder twang yn ballingskip. Guon fan harren, dy't letter weromkomme op harren abdikaasje om't dy't ûnder twang ûnjildich wêze soe, foarmje om utens in eigen hofhâlding dy't fungearret as in regear-yn-ballingskip. It kin ek foarkomme dat in monarch troch omstannichheden twongen is om de wyk te nimmen nei it bûtenlân en sa min ofte mear frijwillich yn ballingskip giet sûnder abdisearre te wêzen. Ek sokken hâlde gauris út de rjochtmjittige monarch fan harren lân te wêzen, hoewol't it nije regear fan dat lân yn sa'n gefal oer it algemien de flecht nei bûtenlân as in ymplisite troansôfstân beskôget.

Foarbylden Belgje 1951 - kening Leopold III fan Belgje (twongen) 2013 - kening Albert II fan Belgje Dútslân 1918 - keizer Willem II fan Dútslân (twongen) Egypte 1952 - kening Farûk fan Egypte (twongen)    it Fatikaan 1294 - paus Selestinus V 1415 - paus Gregoarius XII 2013 - paus Benediktus XVI it Feriene Keninkryk 1553 - keninginne Jane Grey fan Ingelân (omstriden) 1936 - kening Edwert VIII fan it Feriene Keninkryk Frankryk 1814 - keizer Napoleon I fan Frankryk (twongen; en op 'e nij, ek twongen, yn 1815) Japan 1817 - keizer Kōkaku fan Japan 2019 - keizer Akihito fan Japan Kambodja 2004 - kening Norodom Sihanouk fan Kambodja Katar 2013 - emir Hamad bin Chalifa al-Tani Lúksemboarch 1840 - gruthartoch Willem I fan Lúksemboarch 1919 - gruthartoginne Marije Adelheid fan Lúksemboarch 1964 - gruthartoginne Sjarlotte fan Lúksemburch 2000 - gruthartoch Jan fan Lúksemboarch Nederlân 1810 - kening Loadewyk Napoleon fan Hollân (twongen) 1840 - kening Willem I fan 'e Nederlannen 1948 - keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen 1980 - keninginne Juliana fan 'e Nederlannen 2013 - keninginne Beatrix fan 'e Nederlannen Ruslân 1917 - tsaar Nikolaas II fan Ruslân (twongen) Spanje 2014 - kening Juan Carlos fan Spanje Sweden 1654 - keninginne Kristina fan Sweden

Kategory:Monargy