De 1960-er jierren, ek oantsjut as de sechstiger jierren en de jierren ’60, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn dat desennium op 1 jannewaris 1961 en duorre it oant en mei 31 desimber 1970, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1960 oant en mei 31 desimber 1969. De 1960-er jierren wurde ek wol de Swinging Sixties neamd fanwegen it trochbrekken fan maatskiplike taboes yn dit desennium, benammen dy op it mêd fan rasisme, seksisme en seksualiteit, mar ek oangeande klean, muzyk en drugs. Kwestjes dy't dit desennium dominearren wiene de Kâlde Oarloch, mei as hichtepunten de Fjetnamoarloch, de Kubakrisis en de ûnderdrukking fan 'e Praachske Maityd, en fierders de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 'e Feriene Steaten, de Kulturele Revolúsje yn Sina, de dekolonisaasje yn Afrika, studinteprotesten oer de hiele wrâld, de moarden op John F. Kennedy, Martin Luther King en Robert Kennedy, en de moannelâning fan Apollo 11.
__TOC__ Oersjoch Yn 'e Westerske wrâld waarden de 1960-er jierren yn hege mjitte karakterisearrre troch subkultueren en revolúsjes oangeande sosjale noarmen en wearden op in breed ferskaat oan mêden, wêrûnder klean, muzyk, drugs, seksualiteit en omgongsfoarmen. Konkrete foarbylden wiene de hippybeweging (mei as biedwurd "Make Love, Not War"), de Anty-Fjetnamoarlochsbeweging, de Seksuële Revolúsje en de Twadde Feministyske Weach. Popmuzyk krige foar it earst in wrâldwide ynfloed mei artysten as Elvis Presley, The Beatles, Jimi Hendrix en Diana Ross. Sosjolooch Christopher Booker hat dit desennium omskreaun as in klassike Jungiaanske nachtmerjesyklus, wêryn't in rigide kultuer dy't net by steat is en ûnderdruk de rop om gruttere yndividuële frijheid, losbriek fan 'e sosjale bannen fan it foargeande tiidrek troch in ekstreme ôfwiking fan wat oant doe ta de noarm wie. Mei oare wurden: om har ôf te setten tsjin 'e strange maatskiplike regels fan 'e 1950-er jierren sloech de jongerein yn 'e jierren '60 troch nei it oare uterste troch hielendal gjin regels mear te akseptearjen.
Polityk sjoen waarden de 1960-er jierren, krekt as de 1950-er en de 1970-er jierren, yn 'e greep holden fan 'e Kâlde Oarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny. Yn dit desennium wreide dy konfrontaasje him foar it earst út nei ûntwikkelingslannen yn Latynsk-Amearika, Afrika en Aazje, mei't de Sovjet-Uny him ûntjoech fan in regionale grutmacht ta in wiere supermacht. Nei't de spannings yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch yn 1962 ta in hichtepunt kommen wiene ûnder de Kubakrisis, wêrby't de wrâld op it rântsje fan in atoomoarloch balansearre, belune it spul fanôf de midden fan it desennium sterk. Der waard dêrnei benammen wedivere om ynfloed yn 'e Trêde Wrâld, troch it oan 'e macht bringen en hâlden fan sokpoprezjyms, troch it finansieren fan rebûljes yn lannen dy't bûnsgenoaten fan 'e tsjinpartij wiene, en troch it útfjochtsjen fan oarloggen dêr't fan 'e beide supermachten mar ien of net ien fan beiden aktyf by belutsen wie.
De wichtichste fan dat soarte oarloggen wie de Fjetnamoarloch, wêrby't it kapitalistyske Súd-Fjetnam it opnaam tsjin it kommunistyske Noard-Fjetnam en tsjin binnenlânske kommunistyske rebellen, de Viet Cong. Dy oarloch wie al yn 1955 begûn, mar fan 1961 ôf rekken de Feriene Steaten der almar aktiver by belutsen, earst troch it stjoeren fan militêre adviseurs, mar nei it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin, yn 1964, ek troch de ynset fan gefjochtstroepen. Troch de oanhâldende eskalaasje fan it konflikt waarden almar mear troepen stjoerd, en wylst de oarloch him útwreide nei Kambodja en Laos waard de striid thús, yn 'e Feriene Steaten, hieltyd ympopulêrder. Der waarden anty-oarlochsdemonstraasjes holden yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't tsientûzenen, fral jongeren, oan meidiene. Under de Demokratyske Nasjonale Konvinsje fan 1968, yn Chicago, briek in grutte opskuor út doe't de plysje op 'e demonstranten begûn yn te slaan. Underwilens bliek de Fjetnamoarloch in boaiemleaze put, dêr't almar mear jild en minskelibbens yn weigoaid waarden. Nei it Tet-offinsyf, fan 1968, wêrby't de Noardfjetnamezen en de Viet Cong in stikmannich flinke opstoppers útdielden, seach it Amerikaanske regear dat ek yn, en begûnen de Feriene Steaten te sykjen nei in manear om út it Fjetnameeske moeras te kommen.
Yn 'e Feriene Steaten wie ûnderwilens ek de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging aktyf, wêrby't de Afro-Amerikanen ûnder lieding fan dûmny Martin Luther King harren yn 'e Amerikaanske Grûnwet fêstleine rjochten opeasken. Benammen yn it Amerikaanske Suden late dat ta in soad ynsidinten, wêrby't de plysje en de autoriteiten mei grou geweld fanwegen kamen tsjin freedsume negroïde demonstranten. De moard op presidint John F. Kennedy, yn 1963, skokte de wrâld. It wie syn opfolger Lyndon B. Johnson dy't neitiid yn 'e Feriene Steaten herfoarmings trochfierde dy't de boargerrjochten fan Afro-Amerikanen garandearren en sûnenssoarch beskikber makken foar de âlderein en de earmen. Nettsjinsteande dat waard Johnson geandewei mear ferspijd troch Nij Lofts, sawol yn 'e Feriene Steaten as dêrbûten. Yn 1968 waard de wrâld fannijs skokt troch de moard op Martin Luther King en de moard op Robert Kennedy.
Underwilens waarden West-Jeropa en Japan teheistere troch anargistyske groepearrings as de Reade Brigaden (Itaalje), de Rote Armee Fraktion (West-Dútslan) en Zengakuren (Japan), dy't it fermogen fan 'e liberale demokrasy op 'e proef stelden om it marginalisearre rekke diel fan 'e befolking tefreden te stellen. Ferskate Westjeropeeske lannen makken yn 'e sechstiger jierren in swing nei lofts. Yn Itaalje kamen de sosjalisten yn 1962 foar it earst yn it regear. Yn it Feriene Keninkryk kaam yn 1964 de Labourpartij oan 'e macht. By de maaieprotesten fan 1968 yn Frankryk rûnen de spannings sa heech op dat presidint Charles de Gaulle tydlik de wyk nimme moast nei it bûtenlân. Wilens fûn yn Tsjechoslowakije, in fazalsteat fan 'e Sovjet-Uny, de Praachske Maityd plak, wêrby't it kommunistyske regear fan dat lân ûnder lieding fan Alexander Dubček de leie wat losser liet. Dat waard yn Moskou net wurdearre, en yn 1968 waard it eksperimint wreed ûnderdrukt doe't Sovjet-troepen, stipe troch legerienheden út oare Eastbloklannen, Tsjechoslowakije binnenfoelen.
Wylst Súdeast-Aazje yn 'e greep fan 'e Fjetnamoarloch ferkearde, waarden de sechstiger jierren yn 'e Folksrepublyk Sina behearske troch de megalomane mar úteinlik ûnnutte projekten fan 'e 'grutte roerman', Mao Zedong: de Grutte Sprong Foarút (1958-1962) en de Kulturele Revolúsje (1966-1970). De Grutte Sprong Foarút, mei syn forsearre yndustrialisaasje en syn kollektivisaasje fan de lânbou, feroarsake de Grutte Sineeske Hongersneed fan 1959-1960, wêrby't 30 oant 60 miljoen minsken omkamen. By de Kulturele Revolúsje waard de absolute terreur fan 'e Reade Gardisten op 'e Sineeske befolking loslitten, mei in folsleine ûntwrichting fan 'e maatskippij ta gefolch. Nei it saneamde Reade Skisma fan 1960 waard de ferhâlding fan Sina mei de Sovjet-Uny geandewei de 1960-er jierren almar minder, oant de beide lannen yn 1969 iepentlik deilis rekken, in barren dat mank gie mei wapene konfrontaasjes oan 'e grins.
Yn Afrika berikte de dekolonisaasje yn 'e sechtiger jierren in hichtepunt, wêrby't 34 fral Britske, Frânske en Belgyske koloanjes selsstannich waarden. Allinnich Portegal wegere steech en harkje nei de ûnôfhinklikheidsrop yn 'e koloanjes, mei as gefolch de Portegeeske Koloniale Oarloch, dy't yn 1961 útbriek en oant 1974 ta duorje soe.
Ekonomysk gie it mei de wrâld poerbêst yn 'e sechstiger jierren. Tsjin 'e ein fan 'e 1950-er jierren wie yn it teheistere Jeropa de weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch foar it meastepart ôfrûne, wêrnei't in ûnbidige ekonomyske boom begûn. De oarloch en weropbou tegearre hiene yn hiel Jeropa in nivellearjend effekt op 'e klassemaatskippij hân, en tsjin 'e 1960-er jierren hiene in soad lju út 'e arbeidersklasse yn West-Jeropa jild foar sokke moderne lúkse artikels as in radio, tillefyzje, kuolkast en auto. Ek yn it Eastblok gie de ekonomy sterk foarút yn 'e sechstiger jierren. En nei de trage groei yn 'e fyftiger jierren belibben de Feriene Steaten yn 'e sechstiger jierren in grutte oplibbing. It jild dat dêrmei frijkaam, waard net inkeld ynset foar de finansiering fan 'e Fjetnamoarloch en oare operaasjes yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch, mar ek foar it Apollo-programma, in projekt fan 'e NASA, dat yn 1969 yn it ramt fan 'e Romtewedrin late ta de earste moannelâning.
Wichtichste foarfallen 1960 1 jannewaris - Kameroen wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 4 jannewaris - Denemark, Eastenryk, it Feriene Keninkryk, Noarwegen, Portegal, Sweden en Switserlân rjochtsje de Jeropeeske Frijhannelsassosjaasje (EFTA) op. 13 febrewaris - Frankryk bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing. 21 maart - Yn Súd-Afrika fynt it Bloedbad fan Sharpeville plak as de plysje it fjoer iepenet op swarte demonstranten. 27 april - Togo wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 22 maaie - De ierdbeving fan Valdivia, yn Sily, is swierste ierdbeving dy't ea fêststeld is, mei in krêft fan 9,5 op 'e skaal fan Richter. Hy feroarsaket in tsûnamy fan 25 m heech dy't de Sileenske kust teheisteret en de Grutte Oseaan oerstekt om op 'e Hawaï-eilannen de havenstêd Hilo mei de grûn lyk te meitsjen en dêrnei ferwuostgings oan te rjochtsjen op 'e kust fan Japan. Der komme 1.000 oant 7.000 minsken om. 23 maaie - De Israelyske premier David Ben Gurion makket bekend dat de Dútske oarlochsmisdiediger Adolf Eichmann troch de Israelyske geheime tsjinst út Argentynje (dêr't er nei de Twadde Wrâldoarloch syn taflecht socht hie) ûntfierd is. 27 maaie - By in steatsgreep yn Turkije nimt it leger de macht oer. 26 juny - Britsk-Somalilân wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk ûnder de namme Steat Somalilân. 26 juny - Madagaskar wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 30 juny - De Demokratyske Republyk Kongo, de eardere Belgyske Kongo, wurdt ûnôfhinklik fan Belgje. 1 july - Somaalje, it eardere Italjaansk-Somalilân, wurdt ûnôfhinklik fan it tafersjoch troch de Feriene Naasjes, dat útoefene waard troch Itaalje, en ferienet himsels mei de Steat Somalilân, it eardere Britsk-Somalilân. 20 july - De Malineeske Federaasje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 28 july - It Reade Skisma tusken de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina fynt plak. De beide kommunistyske grutmachten krije spul en ferbrekke de ûnderlinge relaasjes. 1 augustus - Benyn wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 3 augustus - Niger wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 5 augustus - It lettere Boerkina Faso wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk ûnder de namme Opper-Folta. 7 augustus - Ivoarkust wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 11 augustus - Tsjaad wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 13 augustus - De Sintraal-Afrikaanske Republyk wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 15 augustus - De Republyk Kongo, de eardere Frânske Kongo, wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 16 augustus - Syprus wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 17 augustus - Gabon wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 20 augustus - Senegal makket him los fan 'e Malineeske Federaasje en wurdt in ûnôfhinklik lân. 14 septimber - By in steatsgreep yn 'e Demokratyske Republyk Kongo komt kolonel Joseph-Desiré Mobutu oan 'e macht. 22 septimber - De rompsteat fan 'e Malineeske Federaasje giet fierder ûnder de namme Republyk Maly. 13 oktober - Der docht him yn 'e Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes yn New York in ferneamd ynsidint foar, wêrby't Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov syn skoech útdocht en dêrmei op it sprekstuolte omtimmeret om syn ûntkenning krêft by te setten nei't de fertsjintwurdiger fan 'e Filipinen oppenearre hat dat yn it ramt fan 'e dekolonisaasje ek de Eastbloklannen harren selsstannigens weromkrije moatte. 14 oktober - Yn Nederlân wurdt bekend dat ûnder Grinslân in ûnbidich grut ierdgasfjild ûntdutsen is. 1 oktober - Nigearia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.