Ballerup is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) op it eilân Seelân (Sjælland) yn it easten fan Denemark. De gemeente leit likernôch 15 kilometer fan it sintrum fan Kopenhagen en beslacht in gebiet fan 33,95 km².

De gemeente Ballerup waard by de weryndieling fan 1970 foarme troch de parochy's Ballerup, Måløv, Pederstrup en Skovlunde gear te foegjen.

Oanbuorjende gemeentes binne eastlik Herlev, noardlik Furesø, westlik Egedal en súdlik Albertslund en Glostrup.

Al sûnt 1933 hat de gemeente in sosjaal-demokratysk bestjoer. Plakken Grutste plakken yn de gemeente Nr Plaknamme Ynwenners (2010) 1 Ballerup 38.890 2 Skovlunde 12.000

Tsjerken

Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970