Atsebuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Atsebuorren leit súdeastlik fan Parregea en noardeastlik fan Hieslum yn 'e himrik fan Hieslum. De buorskip leit oan de Atsebuorrenwei en bestiet út in trijetal pleatsen. Op in stik lân njonken de middelste pleats leit in lyts fleanfjild. Dat is fan de modelfleanklub RMVC 'The Eagles'.
Skiednis De namme wurdt ek oantroffen as Atebuyren, Atsebuiren en Atseburen of Atzeburen. Op in kaart fan Eekhoff stiet Atsebuurster zijl. De namme komt fan 'e persoansnamme Atse of Ate, mei kearnbetsjutting "adel".
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Hieslum Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân