Wilhelmina Remelia (Wim) Hora Adema (Huzum, 14 july 1914 - Amsterdam, 10 desimber 1998) wie in Nederlânsk sjoernaliste, skriuwster en feministe.
Adema begûn har karriêre as ûnbetelle wurker by it de Amsterdamske liberale krante Algemeen Handelsblad; yn 1939 waard se beneamd ta redakteur fan de lanlike seksje. Dêr wurke se oant 1941, doe't se ûntslach naam út protest tsjin de anty-joadske maatregels dy't op de krante naam wiene. Under de Twadde Wrâldoarloch wie se warber yn it Nederlânsk ferset, dat har yn 'e kunde brocht mei de groep dy't Het Parool, in yllegale krante, publisearre.
Fan 1948 oant 1968 hie se de lieding fan de Frouljusside fan deiblêd Het Parool, dêr't bekende persoanen oan meidiene lykas Hella Haasse, Mies Bouhuys, Harriët Freezer, Lidya Winkel, Wina Born, Fiep Westendorp en letter ek Hedy d'Ancona en Jeanne Roos. In heech kreatyf nivo gie mank mei in emansipatoaryske ynhâld, wêrmei't Wim Hora Adema it paad sljochte foar de twadde feministyske weach.
Sy wie yn 1972 tegearre mei Hedy d'Ancona oprjochster fan it tydskrift Opzij.
Bibliografy Wim Hora Adema, red.: Dag ouwe tijd (fraachpetearen). Assen 1972
Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk feminist Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk feminist Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Huzum Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 1998