Frerik de Swetser, artystenamme fan Frerik Samplonius (Wikel, 27 febrewaris 1994), is in Nederlânske sjonger en songwriter.

Frerik waard bekend troch syn skiffle-eftige nûmer Iderien wurdt bekend behalve ik. Dit nûmer helle yn 2016 it tredde plak fan de Fryske Top 100. Frerik Samplonius trede op yn it foarprogramma fan De Hûnekop en Strawelte en wie gast by Omrop Fryslân. By optredens begeliedet er himsels op de gitaar en spilet hy ferskate muzykstilen, lykas rock 'n roll, sixties, country en ‘rûchhouwermuzyk’. Hy covert dan ek graach ferskes fan Strawelte en De Hûnekop.

Frerik is skipper by in tankfeartrederij en wennet yn Sânmar. Al jong song hy yn it tsjerkekoar fan Balk. Syn artystenamme is ûntliend oan syn optriuwboatsje 'De Swetser' dêr't er as jonkje yn farde.Balkster Krante, 10 desimber 2016 Syn sels skreaune nûmers geane ek oer dingen yn syn neiste omjouwing. Sa skreau er bygelyks in nûmer oer syn maat Sjoerd en oer syn auto, de 280 SE.

Diskografy Iderien wurdt bekend behalve ik (2016) Elke gek hat syn gebrek (2016) Simmerdeis (2016) Bier falle litte Swetse en sweare (2019)

Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn Wikel Kategory:Persoan berne yn 1994