Sûkereifabryk 'Het Paard' wie in sûkereifabryk op de hoeke fan de Midstrjitte en de Hurddraversdyk op De Jouwer.

De iest dêr't de sûkereiwoartels drûge waarden stie oan de earste Bûtsingel (letter de Nutspleats). De ferwurking barde yn gebou "Het Paard" fan Sipke Taconis, eigener fan de Taconistún.Databank fan mûnen

De namme "Het Paard" ferwiisde nei de oandriuwing fan de rosmole. Op elk blau pakje sûkerei stie it hynder ôfbylde. De earmeljuskofje waard dan ek wol it hynder''', het paard of het peerd'' neamd. Letter waard op de pakjes ek wol de iest ôfbylde. Yn it fabryk wurken sa'n tsien oant tolve minsken.

It earste fabryk waard yn 1836 ferfongen troch in nije fabryk. Doe 't de fraach nei sûkerei werom rûn, stoppe it fabryk begjin tweintichste iuw. Yn 1911 waard it foarste diel fan it fabryk ôfbrutsen, ek in diel fan it hûs der njonken waard sloopt om romte te meitsjen foar de trams fan de NTM. It efterste diel fan "It Hynder" waard letter brûkt as kastferverij, branjehannel, brânwargaraazje en klokmakkerij.

Kategory:Bouwurk op De Jouwer Kategory:Fabryksgebou yn Fryslân Kategory:Bouwurk út 1836 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1911 Kategory:Bedriuw op De Jouwer Kategory:Frysk bedriuw Kategory:Bedriuw mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Bedriuw opheft yn de 20e iuw Kategory:Bedriuw mei ûnbekend jier fan opheffing