It Skippekertier is in lytse wyk op De Jouwer. De wyk wurdt ynsluten troch de Tolhúswei, Haskerfjildwei, Elias Annes Borgerstrjitte en it wetter it Hurdspytsje. De wyk is boud tusken de twadde helt fan de jierren '70 en healwei de jierren '80 fan de 20e iuw. De namme fan de wyk komt fan de eardere buertferiening 't Skippekertier. Dy namme wie keazen fanwege de boatenammen dy't de strjitten yn de wyk hawwe. Yn de wyk steane keap- en hierwenningen.

Histoarje Redaksje (2 novimber 1978): 'Kei van een kei in Joure', Ljouwerter Krante.

De wyk is ûnderdiel fan it grutte nijbouplan 'De Jouwer-Noard' of Westermar út 1969. Yn it oarspronklike bestimmingsplan hiet de wyk Westermar-West.Redaksje (10 jannewaris 1969): 'B. en w. van Haskerland: Bestimmingsplan foar De Jouwer-noard', Friese Koerier, side 8. It Skippekertier foarmet ien gehiel en hat in karakter dat oars is as de wyk Westermar.Gemeente Skarsterlân (2008): 'Bestimmingsplan De Jouwer-Westermar', side 4-5.

It Skippekertier wie de lêste nijbouwyk fan De Jouwer dy't tsjin de âlde bebouwing fan De Jouwer oanboud is. Foar de bou bestie it gebiet út greidlân, it eartiidske jiskelân, in âld pleats en Penninga's Mole. It jiskelân is foar de bou sanearre, de boerepleats is om 1990 hinne sloopt om romte te meitsjen foar senioarewenten (Hettebaes).Redaksje, (9 novimber 1990): 'Van der Til wil woningen projectmatig toewijzen', Ljouwerter Krante. De mole wie in pear jier foar de bou fann de wyk yngreven renovearre.Redaksje (3 maart 1971): 'Vijftienduizend kilo kap Penninga's molen Joure', Ljouwerter Krante.

De wyk hat in blomkoalwykstruktuer en is fanút it easten (E.A. Borgerstrjitte) rjochting it westen beboud. Strjitnammen yn de wyk geane werom op it skipsbouferline fan De Jouwer. Sintraal rint de strjitte 'Eeltsjebaes', dy't fan west nei east troch de wyk slingert. Eeltsjebaes wie de bynamme fan Eeltsje Holtrop van der Zee, in skipsbouwer fan De Jouwer út de 19e iuw. Sydstrjitten fan de Eeltsjebaes binne neamd nei boaten, lykas Jol, De Boeyer en Skûtsje. Alle strjitnammen binne yn it Frysk.Redaksjie (16 april 1976): „Eeltsjesbaes" as strjitnamme op 'e Jouwer', Ljouwerter Krante.

It Skippekertier wie de earste wyk fan de Jouwer dêr't wetter in grutte rol yn spile. De hiele wyk wurdt omjûn troch wetterpartijen. Troch de wyk rinne ferskate sleatten.

Tsjalk By de oanlis fan nijbouwyk Skipsleat, oan de noardkant fan it Skippekertier, waard socht nei in manier om de snelheid op de tuskenlizzende Haskerfjildwei te ferminderjen. Ien dêrfan wie it diels ferlizzen fan de wei. Op de hjirtroch frijkomende romte waard yn 1986 de strjitte Tsjalk boud. Dizze strjitte foel bûten it oarspronklike plan en is de ienige strjitte yn it Skippekertier dy't net oan de Eeltsjebaes en de Aukebaes grinzet.Redaksje (28 maart 1986): 'Raad Skarsterlân akkoord met plan-Skipsleat en wegomlegging', Ljouwerter Krante. De Haskerfjildwei waard yn 1972 oanlein om in koarte ferbining te foarmjen tusken Knooppunt De Jouwer en de yndustrygebieten oan de westkant fan De Jouwer.Redaksje (14 septimber 1972): 'Centrum van Joure kan ruimer ademen', Ljouwerter Krante, side 21.

Galerij

Kategory:Wyk yn De Jouwer