De Tall Ships' Races 2014 wie in ynternasjonaal sylsportbarren yn it ramt fan 'e jierlikse Tall Ships' Races, dat holden waard yn 'e moannen july en augustus 2014. Dêrby waard op 'e Noardsee wedstrydsyld mei saneamde tallships (grutte sylskippen). It waard organisearre troch Sail Training International (STI), in organisaasje dy't besiket om ynternasjonale freonskip oan te fiterjen en om jongerein ûnder de 25 jier yn 'e kunde komme te litten mei de see en mei it silen. De start fan it evenemint wie yn 'e Fryske stêd Harns, dêr't it publyk him yn 'e dagen foarôfgeande oan 'e wedstryd fergapje koe oan 'e skippen dy't ôfmarre leine yn 'e haven fan Harns. De festiviteiten yn Harns waarden organisearre troch de Stifting Sail Harns.Ynformaasje oer de organisaasje op 'e webside fan 'e Tall Ships' Races 2018.
Op it evenemint yn Harns kamen 225.000 minsken ôf., Races en Harlingen blijven verliefd, yn: de Ljouwerter Krante, 7 augustus 2018, s. 3. Harns fêstige in rekôr yn 'e skiednis fan 'e Tall Ships' Races troch it heechste oantal trainees (jongeren dy't meifearen om it silen te learen) ea oan te lûken: 337. De wedstryd gie neitiid fan Harns oer de Noardsee nei de haven fan Fredrikstad yn Noarwegen. Dêrwei folge in saneamde 'freonskipsfeart', wêrby't de skippen yn floatferbân mei-inoar opfearen nei Bergen, ek yn Noarwegen. Ut Bergen wei folge in twadde wedstrydtrajekt nei it Deenske Esbjerg, dêr't de finish lei.
Keppelings om utens De Tall Ships' Races op Facebook
Kategory:Evenemint yn Harns Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Sportevenemint yn Noarwegen Kategory:Sportevenemint yn Denemark Kategory:Barren yn 2014