De Kapel fan Rotstergaast is de eardere herfoarme tsjerke fan Rotstergaast. It gebou docht tsjintwurdich tsjinst as doarpshûs.

Skiednis Yn 1315 hie Rotstergaast twa kapellen, wêrfan't ien in tsjerke waard. De tsjerke rekke yn de rin fan de tiid brekfallich en yn de 18e iuw wie der net mear as in stienbult fan oer.

Yn 1928 krige Rotstergaast dochs wer in ienfâldich sealtsjerkje, dat yn 1986 de funksje fan tsjerke ferlear en tsjintwurdich as doarsphûs brûkt wurdt.

Achter de tsjerke leit it tsjerkhôf mei in klokkestoel.

Keppeling om utens

Kategory:Rotstergaast Kategory:Tsjerkegebou yn De Fryske Marren Kategory:Tsjerkegebou yn Skarsterlân Kategory:Bouwurk út 1928