Fjildbuorren is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Fjildbuorren leit noardeastlik fan Brantgum en westlik fan Hantum. Fjildbuorren leit yn de himrik fan Brantgum.
De bebouwing fan Fjildbuorren leit oan de Fjildbuorren en de Fjildbuorsterwei. De kearn bestiet út 5 adressen oan de Fjildbuorren en 4 oan de Fjildbuorsterwei.
De buorskip leit yn de polder It Hantumerleech.
Skiednis
Untstean Fjildbuorren is in relatyf jonge buorskip, ûntstien út de boerepleatsen Montzema State en de Mennerda State. De Fjildbuorsterwei hiet yn earste ynstânsje ek de Minnerdawei.
Yn it begjin fan 20ste iuw ûntstie mear bebouwing, wêrûnder ‘Veldzicht’ en sa ûntwikkele him in buorskip yn de polder It Hantumerleech. Yn 1958 waard de buorskip neamd as Veldburen.
Gemeentelike weryndieling Sûnt 2019 leit Fjildbuorren yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Brantgum Kategory:Buorskip yn West-Dongeradiel Kategory:Buorskip yn Dongeradiel Kategory:Buorskip yn Noardeast-Fryslân