Farmhouse TV & Film is in Nederlânske filmstudio, dy't oprjochte is troch filmprodusint Klaas de Jong. It bedriuw stiet by de Keamer van Keaphannel registrearre as soe it fêstige wêze yn De Jong syn wenplak Earnewâld, mar it produksjekantoar stiet eins yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Op 'e eigen webside lit Farmhouse him derop foarstean dat it in bedriuw "út de provinsje" is, wat ek ta utering komme soe yn 'e "bedriuwsfilosofy". It soe Farmhouse "in sterke affiniteit" jaan mei "it 'gewoane' libben", wat liede soe ta de produksje fan "echte publyksfilms".Ynformaasje fan 'e eigen webside fan Farmhouse TV & Film.

Katalogus Farmhouse TV & Film waard yn 2010 troch Klaas de Jong oprjochte.Bedriuwsynformaasje oer Farmhouse TV & Film. De Jong naam doe syn besteande fûnskatalogus (fan earder makke films dêr't hy de rjochten op hie) mei nei it nije bedriuw. De folsleine katalogus fan Farmhouse sjocht der sadwaande sa út: 2003 – Schippers van de Kameleon 2005 – Kameleon 2 2007 – De Scheepsjongens van Bontekoe 2009 – De Hel van '63 2011 – Bennie Stout 2011 – Penny's Shadow 2013 – Verliefd op Ibiza 2014 – Toscaanse Bruiloft 2015 – Michiel de Ruyter 2015 – Apenstreken 2016 – SneekWeek 2017 – Tuintje in Mijn Hart 2018 – Redbad

Anno 2018 wiene de folgjende filmprojekten noch yn produksje: A Bite of the Sea Batavia's Deathsong 80 Jaar Oorlog Wine Masters: France

Keppelings om utens Offisjele webside fan Farmhouse TV & Film

Kategory:Frysk bedriuw Kategory:Nederlânske filmstudio Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2010 Kategory:Bedriuw yn Ljouwert Kategory:Earnewâld