De Unitastsjerke wie de grifformearde tsjerke fan Wurdum. Yn ferbân mei de foarming fan in PKN-gemeente waard de tsjerke yn 2003 opjûn en te keap set. De protestantske gemeente fiert harren tsjinsten sûnt yn 'e Martinustsjerke.

Skiednis De tsjerke waard yn 1925 neffens in ûntwerp fan Ane Nauta boud foar de grifformearde gemeente fan Wurdum. It gebou ferfong de neogoatyske tsjerke út 1874 oan 'e Swichumerdyk 11. Dy foargonger bestiet noch jimmeroan en ek al is der in soad oan feroare, der is noch altiten oan it gebou te sjen dat it eartiids in tsjerke west hat.Reliwiki, oproppen 06.08.2018

Op 7 septimber 2003 waard de lêste tsjinst yn 'e Unitastsjerke holden. It monumintale gebou bleau lykwols sûnder al te grutte feroarings bewarre. De Unitastsjerke hat glês-yn-leadramen, dy't yn 1974 neffens it oarspronklike ûntwerp op 'e nij set binne.Reliwiki, oproppen 06.08.2018

Oargel Sûnt 1991 besiet de tsjerke in piipoargel út 1842 fan 'e Ingelske bouwers Fisher & Wilson, dat yn ferbân mei it sluten fan de tsjerke spitigernôch foar Fryslân ferlern gyng, mar wol bestean bleau. Nei de demontaazje ferhûze it ynstrumint nei de grifformeard-frijmakke tsjerke "Het Baken" yn Bergschenhoek.Kerk en Orgel, oproppen 06.08.2018

Keppeling om utens Prot. tsjerke Wurdum

Kategory:Wurdum Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Gemeentlik monumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1925