thumb|Betheltsjerke, Assen Jan Smallenbroek (De Like, 25 desimber 1852 - Assen, 18 maart 1932) wie in Nederlânsk arsjitekt.
Libben en wurk Smallenbroek wie in soan fan Albert Smallenbroek en Bouwina van der Velde. Syn heit en pake wiene wettermûnder yn de provinsje Grinslân. Hy waard opsichter by Rykswettersteat en letter arsjitekt. Hy troude yn 1876 yn Assen mei Trijntje Offereins (1854-1913) en festige him yn Drinte. Harren soan Albert Smallenbroek gie yn de fuotleasten fan syn heit en waard ek arsjitekt.
Smallenbroek stoar yn de âldens fan 79 jier en waard beïerdige op it Suderbegraafplak yn Assen.
Bouwurken (in kar) Jier Lokaasje Omskriuwing1901 Assen, Grinzerstrjitte14 Betheltsjerke (ryksmonumint)1902 Súdlaren, Stasjonswei by Bovendiepen neist de Grifformearde tsjerke Kristlike Skoalle foar LU en ULO (yn 1989 ôfbrutsen)"Aanbesteding", Nieuwsblad van het Noorden, 1 maaie 19021905 Assen, Vaart ZZ 1 ferbouwing fan hotel Het wapen van Drenthe (gemeentlik monumint)1906 Assen, Torenlaan 11 went (ryksmonumint)1906-1907 Assen, Stasjonsstrjitte 11Hûs Ebbenerve, went (ryksmonumint)1907 Assen, Wilhelminastrjitte 19-21 dûbele went (gemeentlik monumint)1917-1918 Peize, Riedhûsstrjitte 1 gemeentehûs (ryksmonumint)
Bibliografy (1996) Assen Architectuur en Stedebouw 1850-1940 Zwolle: Waanders ISBN 9040098123 Gerding, M. (redaksje) (2013) Buurt met karakter. Assen Oud-Zuid en haar inwoners, Vereniging Assen Oud-Zuid. ISBN 978-90-9027936-7
Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1852 Kategory:Persoan stoarn yn 1932