Dit is in list fan sterke tiidwurden yn it Frysk.

Gewoane ferbûging fan swakke tiidwurden (ta ferliking) Ta ferliking earst de 'gewoane' ferbûging fan swakke tiidwurden yn it Frysk. Dy giet sa:, Tiidwurden, Ljouwert, 1989 (Afûk), ISBN 9 06 27 34 09X, s. 11/12 en 14.

swakke tiidwurden op -e swakke tiidwurden op -je nammefoarm Nederlânske oersetting Ingelske oersetting notiid doetiid mulwurd nammefoarm Nederlânske oersetting Ingelske oersetting notiid doetiid mulwurd wenne *) wennen get used to ik wen do wenst hy went wy wenne ik wende do wendest hy wende wy wenden ik bin wend wenje wonen live (in ...) ik wenje do wennest hy wennet wy wenje ik wenne do wennest(e) hy wenne wy wennen ik haw wenne *) 'wenne' hat ek in (minder faak brûkte) sterke ferbûging

N.B.: swakke tiidwurden op -e wêrfan't de stam einiget op -d of -t krije yn 'e doetiid yn it Frysk (oars as yn it Nederlânsk) gjin ferdûbeling fan 'e d of t. Dus de doetiid fan 'ik meld' is 'ik melde' (Ned.: ik meldde), en de doetiid fan 'ik praat' is 'ik prate' (Ned.: ik praatte). Wol sjocht men gauris dat dat it mulwurd by sokke tiidwurden in (opsjonele) ferlinging krije kin mei -en. 'Ik haw meld' en 'ik haw praat' kin dus ek sein/skreaun wurde as 'ik haw melden' en 'ik haw praten'.

Ferbûging fan sterke tiidwurden Hjirûnder de ferbûging fan sterke tiidwurden yn it Frysk., Tiidwurden, Ljouwert, 1989 (Afûk), ISBN 9 06 27 34 09X, s. 27-59. By de ferbûging yn 'e tabel hjirûnder wurdt by de 3e persoan inkeltal allinne de foarm 'hy' jûn, mar deselde ferbûging fan it tiidwurd jildt fansels foar de foarmen 'sy' en 'it'. Krektsa wurdt allinne de 1e persoan meartal werjûn ('wy'), mar deselde foarm fan it tiidwurd jildt ek foar de 2e persoan meartal ('jimme'), de 3e persoan meartal ('sy') en de hoflikheidsfoarm ('jo').

B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - P - R - S - T - U - W