thumb|Hanebuorren Hanebuorren is in buorskip yn de gemeente Opsterlân. Hanebuorren leit yn de himrik fan De Gordyk , besuden Lippenhuzen oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Oer de feart leit by Hanebuorren ek it draaibrechje (selsbetsjinning) de Eppingadraai. De namme komt ek foar as Haneburen. Yn gebieten dêr't turf stutsen is komme faken plaknammen mei bistenammen foar. In heale kilometer eastliker leit bygelyks Foksebuorren. Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:De Gordyk Kategory:Buorskip yn Opsterlân