Redbad, ek Redbad: De Legende of Redbad: The Legend neamd, is in Nederlânske histoaryske aventoerefilm út 2018 ûnder rezjy fan Roel Reiné, nei in senario fan Alex van Galen. De film waard produsearre troch Klaas de Jong en Roel Reiné foar Farmhouse TV & Film, en de haadrollen waarden fertolke troch Gijs Naber, Loes Haverkort, Jonathan Banks en Tibo Vandenborre. Byrollen hiene û.o. Derek de Lint, Birgit Schuurman, Lisa Smit, Huub Stapel, Renée Soutendijk, Egbert-Jan Weeber en Jack Wouterse. It ferhaal spilet yn it Fryslân fan 'e Iere Midsiuwen, en giet oer de histoaryske persoan fan Redbad, kening fan 'e Friezen, en dy syn striid tsjin 'e út it suden wei opkringende Franken. Nettsjinsteande alle wyn en blast dêr't Redbad mei útbrocht waard, wie de krityk fan sawol resinsinten as histoarisy grut en de ûntfangst planút lau.
Plot
Redbad spilet yn 'e Iere Midsiuwen en giet oer de striid fan 'e frije, heidenske Friezen, dy't boppe de Grutte Rivieren in keninkryk fêstige hawwe, tsjin 'e út it suden wei opkringende Franken, dy't it kristendom al oannommen hawwe. De haadpersoan is de histoaryske Fryske kening Redbad, dy't de striid mei de Franken oangiet nei't dyselden de wichtige Fryske hannelsstêd Doarestêd ferovere en syn heit, kening Aldgilles, ferslein hawwe. Dat bart krekt op it stuit dat yn opdracht fan Aldgilles in minske-offer brocht wurdt om 'e fruchtberens fan it lân te fergrutsjen, wêrby't fammen libben ferbaarnd wurde. Redbad keart him tsjin dy praktyk, nammenste mear om't syn leaf Fenne ien fan dy fammen is, en wit hy har noch krekt op 'e tiid fan 'e brânsteapel te rêden.
Neitiid wurdt Redbad troch it lûken fan in lot skuldich befûn oan it ferlies fan 'e fjildslach, en, fêstbûn op in flot, by wize fan soenoffer de see opstjoerd. Hy spielt oan op 'e kust fan Denemark, dêr't er as slaaf opnommen wurdt yn it hûs fan 'e Deenske kening Wiglek. As der nei ferrin fan in stikmannich moannen in ynfal yn Denemark dien wurdt troch de Sweden, spilet Redbad sa'n wichtige rol by de ferdigening, dat er dêrmei, as beleanning fan Wiglek, syn frijheid weromwint. Dêrop wol Wiglek syn kristlike dochter Frea him as man hawwe, en Redbad stimt yn dat houlik ta.
As er lykwols heart dat syn suster Sinde oan 'e Frankyske ealman Karel Martel ta frou jûn is om it platbaarnen troch de Friezen fan it houtene tsjerkje fan Utert goed te meitsjen, tsjocht Redbad mei syn nije frou werom nei Fryslân om syn suster te rêden. Hy wit it Frankyske kastiel fan Reims yn te kringen, dêr't op dat stuit krekt syn suster troch de Angelsaksyke biskop Willibrord tsjin har wil ta kristinne doopt wurdt, mar hy moat sûnder syn suster en sûnder wat bedijd te hawwen nei Fryslân weromkeare.
Yn Fryslân is Redbad syn neef Jurre no kening, en Redbad stipet him yn 'e striid tsjin 'e Franken. Hy wit in kloft Frankyske ruters de see yn te lokjen krekt as de floed opkomt, sadat se de drinkeldea stjerre. Underwilens beävensearret de ambisjeuze Karel Martel yn Reims de dea fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal en fan dy syn jonge pakesizzer en erfgenamt Drogo. Karel Martel grypt dêrop de macht en wurdt sels hofmeier.
Redbad syn omke Eibert skûlet mei Karel Martel ûnder ien tekken, yn 'e hope dat er út namme fan 'e Franken it rike Doarestêd regearje meie sil. Troch dit ferrie wurde Redbad en syn frou en jonge soan Poppo finzenset yn Utert. Dêr folget dan de ferneamde sêne wêryn't Redbad him troch Willibrord dope litte sil, mar him op it lêste momint betinkt en syn foet út it doopbekken weromlûkt om't syn heidenske foarâlden en freonen net nei de (kristlike) himel gien binne. Redbad seit dan dat er leaver mei syn freonen yn 'e hel sit as mei syn fijannen yn himel. As koart dêrnei kening Jurre by in skermutseling om it libben komt, wurdt Redbad de ûnomstriden lieder fan 'e Friezen en de nije kening. Mei help fan syn skoanheit en it leger fan 'e Denen wit er de Franken ûnder Karel Martel by Doarestêd te ferslaan, al kin er net foarkomme dat de stêd sels troch brân ferwoastge wurdt.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Redbad, kening fan 'e Friezen Gijs Naber Frea Loes Haverkort hofmeier Pepyn fan Herstal Jonathan Banks hofmeier Karel Martel Tibo Vandenborre
byrollen personaazje akteur/aktrise kening Jurre fan 'e Friezen Teun Kuilboer de heidenske preesteresse Idwina Renée Soutendijk Fenne Lisa Smit biskop Bonifatius Egbert-Jan Weeber Eibert Derek de Lint kening Wiglek fan Denemark Søren Malling kening Aldgillis fan 'e Friezen Huub Stapel prinsesse Sinde Britte Lagcher biskop Willibrord Jack Wouterse Wulf Mark van Eeuwen Plektrudis Daphne Wellens genêzeresse Birgit Schuurman Thierry Gene Bervoets Gebbe Martijn Fischer Odulf Aus Greidanus sr.
Produksje Nei it súkses fan 'e biografyske film Michiel de Ruyter sloegen regisseur Roel Reiné en produsint Klaas de Jong fannijs de hannen yninoar foar in histoaryske spektakelfilm. De ferantwurdlike filmstudio wie De Jong syn Farmhouse TV & Film. It idee om in film te meitsjen oer it histoaryske personaazje Redbad kaam fan 'e yn Feanwâlden berne De Jong., "Die grote veldslag in Game of Thrones, daar moeten we met Redbad overheen", yn: de Volkskrant, 29 desimber 2016. It senario dêr't de film op basearre is, waard skreaun troch Alex van Galen.Alex van Galen yn de IMDb.
Op 29 augustus 2017 waard bekendmakke dat akteur Gijs Naber de titelrol fan kening Redbad fertolkje soe. Dêrnei waarden Huub Stapel, en Egbert-Jan Weeber en Derek de Lint cast yn 'e rollen fan kening Aldgillis, resp. Bonifatius en de ferrieder Eibert. Weeber en De Lint hiene earder ek al mei Reiné de De Jong gearwurke foar de film Michiel de Ruyter. Loes Haverkort en Aus Greidanus sr. waarden oanlutsen foar de rollen fan Frea en Odulf. Njonken dy Nederlânske akteurs, en Flaamske akteurs as Tibo Vandenborre en Daphne Wellens woene de Reiné en De Jong ek graach in stjer fan ynternasjonale alluere hawwe; dy fûnen se yn 'e persoan fan 'e Amerikaanske akteur Jonathan Banks, dy't benammen bekend is fan 'e súksesfolle tillefyzjesearje Breaking Bad. Hy krige de rol fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal tabedield. Fierders waard de Deenske akteur Søren Malling, bekend fan 'e dramasearje Borgen, ree fûn om 'e rol fan 'e Deenske kening Wiglek op him te nimmen.
It wie de bedoeling dat Redbad koste €7 miljoen kostje soe,, Duizend pruiken, zeshonderd schilden en tweeduizend figuratiekostuums: welkom op de set van Redbad, yn: de Volkskrant, 30 novimber 2017. mar úteinlik rûnen de kosten op ta sa'n €8,3 miljoen. "De ambysje wie grutter as de beurs," neffens produsint Klaas de Jong. De opnamen fûnen plak op lokaasje yn en bûten Nederlân. Sa waarden guon sênes opnommen yn it preHistorisch Dorp, by Eindhoven,, Eindhoven overspoeld door mannen met baarden, yn: it Eindhovens Dagblad, 7 novimber 2017. wylst yn ferskate gefjochtssênes it Fryske lânskip fan De Alde Feanen――, Vechtscenes opgenomen in Earnewâld voor film Redbad, op: Omrop Fryslân, 1 oktober 2017. en It Amelân――, Ameland in trailer Redbad, Persbureau Ameland, 29 maaie 2018. werom te kennen is. Dêrnjonken waarden ek opnamen makke yn Denemark, it Dútske Wallsbüll en it Belgyske Kastiel fan Bouillon, dat yn 'e film trochgiet foar de Frankyske keninklike residinsje te Reims. Yn totaal duorren de opnamen foar Redbad 42 dagen. De lêste opnamedei wie op 19 novimber 2017. Nei mear as in healjier montaazje en oare tarieding gie de film op 'e jûn fan sneon 23 juny 2018 by in iepen-loftfertoaning op it Ljouwerter Saailân yn premiêre., Openluchtpremière, yn: de Ljouwerter Krante, 23 juny 2018, wykeinbylage Sneon & Snein, s. 14.
Publisiteitsstunt Foarôfgeande oan 'e premiêre fan Redbad waard der in trailer op Facebook pleatst. Produsint Klaas de Jong helle alle media mei it ferhaal dat Facebook him frege hie de trailer fuort te heljen, om't it ferhaal fan Redbad, wêryn't de makkers dúdlik partij kieze foar de heidenske Friezen en tsjin 'e kristlike Franken, yn 'e Feriene Steaten as oanstjitjaand beskôge wurde soe.――, Eis Facebook: verwijder trailer Redbad, yn: de Ljouwerter Krante, 26 maaie 2018. Nei sjoernalistyk ûndersyk bliek fan De Jong syn bewearing net folle wier te wêzen, en liek it earder om in (slagge) publisiteitsstunt te gean., Facebook weigerde ‘Redbad’-trailer niet, YouTube trouwens ook niet, yn: de Ljouwerter Krante, 30 maaie 2018.
Untfangst Krityk oer historisiteit Op basis fan 'e trailer fan Redbad en de efter-de-skermendokumintêre dy't te sjen wie op 'e webside fan 'e film stelde Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan 'e Ryksuniversiteit Grins, foarôfgeande oan 'e premiêre al fêst dat de histoaryske wierheid noch amper yn tel is. Hy fûn it útgongspunt fan 'e film oars wol nijsgjirrich, mei't dy it tradisjonele oansjoch fan 'e skiednis omdraait, sa't dat noch altyd by de measte minsken bestiet – dat de kristenen goed wiene en de heidens kwea. Neffens Reiné en De Jong wiene de kristlike prekers út 'e Iere Midsiuwen nammentlik itselde soarte ûnferdraachsume lju as de islamistyske terroristen fan 'e ienentweintichste iuw.
Wat Jensma oan 'e film steurde wie lykwols it feit dat de makkers in loopke namen mei de Fryske skiednis en kultuer. Yn 'e film is gjin wurd Frysk te hearren; ynstee prate de 'Friezen' konsekwint Nederlânsk, wylst de Franken Ingelsktalich binne. De riddenearring dêr't Reiné en De Jong harren taalkar mei besochten te rjochtfeardigjen, nammentlik dat de Friezen fan 'e Iere Midsiuwen foar it meastepart net-Frysktalich west hawwe soene, ferwiisde Jensma sûnder mear nei it ryk fan 'e fabels. Hy fermoede dat de kar foar it Nederlânsk út praktyske, kommersjele omtinkens berne wie, en dat Redbad dêrmei út 'e Fryske hoeke skuord waard en yn it ramt pleatst waard fan it oanboazjend populisme yn Nederlân, wie foar de makkers wierskynlik moai meinommen. Sa gie de film neffens Jensma net mear oer de striid fan Friezen tsjin Hollanners (dy't ommers letter út 'e Franken fuortkamen), mar oer Nederlanners dy't har oankantsje tsjin ymmigraasje hjirhinne út oare lannen.
Histoarikus Han Nijdam, in kenner fan 'e echte kening Redbad en de Iere Midsiuwen yn Fryslân, waard nei de premiêre ynterviewd troch de Ljouwerter Krante en fertelde dat de film him drôvich stimd hie troch alle flaters dy't deryn makke waarden. Sa kaam it kastiel fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal yn 'e film dúdlik út 'e Lette Midsiuwen, teminsten 500 jier nei't Redbad en Pepyn libben. Itselde gou foar de maljenkolders fan 'e Frankyske ridders, wylst harren dripfoarmige skylden alfde-iuwsk Normandysk wiene en harren swurden fan 'e Wytsingen kamen.
De sljochtwei Friezen libje yn 'e film in earmoedich en ellindich bestean yn lekkende langhuzen fol smoargens en spinreagen dy't sa op 'e keale grûn boud binne, wylst se yn it echt wolfarrende lju wiene, dy't hiel skjin op harsels en harren besittings wiene, mei huzen mei houten flierren. Fierders is oeral yn 'e film sulver te sjen as by de Friezen rykdom werjûn wurde moat, wylst dat mear wat foar de Wytsingen wie, mei't de Friezen yn it echt harren wolfeart uteren mei goud. Wat wól striek mei de wurkliheid, wie bygelyks dat Frea, de kristlike Deenske frou fan Redbad, in krúske om 'e hals droech dat der net útsjocht as lettere kristlike krússymboalen, mar fjouwer earms fan gelikense lingte hat. "Dat is wol autentyk," sei Nijdam, "sokke krúskes binne yn Denemark weromfûn."