O holle, bloedbedutsen is in Fryske oersetting fan it Dútske kristlike liet "O Haupt voll Blut und Wunden" (1656).

Tekst Frysk Lieteboek (1979)ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 98, side 143, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979

O holle, bloedbedutsen, Fertrutsen fan fertriet. O holle, dy't bestutsen Mei toarnen foar my stiet. O holle',alear sa hearlik, Yn goddelike gloed, En no sa jammerdearlik: Ik bûch en bring myn groet!

O Hear, by al jo pleagen En goddelik geduld, Dit stiet m'aloan foar eagen By my is inkeld skuld. Och, sjoch my, earme sûnder, Dy't ûnder't oardiel leit, En doch oan my it wûnder Fan jo barmhertichheid.

Gean 'k ienkear hjir fandinne, Gean Hear net by my wei. Dat'k oer de grêven hinne Noch by Jo wêze mei. Ja, rint it jir om 't lêste, Lit om Jo lêste striid My ienkear by Jo rêste Yn frede foar altiid.

Kategory:Fryske oersetting Kategory:Hymne Kategory:Dútsktalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1656