De Fermanje oan de Iegrêft is de tsjerke fan de mennistegemeente fan Drylts.

Skiednis

De earste stien foar de sealtsjerke waard op 13 maaie 1857 lein en al op 27 septimber koe de earste tsjinst holden wurde. De klokgevel stiet tusken twa tsjinstwenten (foar de koster en de konsistoarje) efter de roailine efter in hek fan getten izer. Foar de tjerke mei in trijesidich koer waard yn 1857 boud neffens in ûntwerp fan Meinse Molenaar.

Boppe de neoklassisistyske tagong stiet de tekst: Eenheid in 't nodige - Vrijheid in 't onzekere. In alles de liefde.

De tsjerke is yn 1989 restaurearre.

Oargel It ienmanualige oargel waard yn 1881 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud en op 11 desimber 1881 yn gebrûk nommen.

Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Drylts Kategory:Tsjerkegebou yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Tsjerkegebou yn Wymbritseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Wymbritseradiel Kategory:Bouwurk út 1857