It Berne-iepenloftspul Easterwierrum of koartwei Berne-iepenloftspul (ek wol ôfkoarte ta BIS) is in iepenloftspul opfierd troch bern dat elts jier yn juny yn it Fryske doarp Easterwierrum holden wurdt. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Berne Iepenloftspul. De spilers komme út 'e heechste groepen fan 'e basisskoallen yn Easterwierrum en omlizzende doarpen. Oant en mei 2015 fûnen de opfierings plak yn 'e pastorijtún fan Easterwierrum, mar fan 2016 ôf binne se ferpleatst nei it sportfjild njonken MFC De Tysker, oan 'e Skuorrehôfwei. De foarstellings duorje ornaris omtrint twa oeren, ynkl. in skoft. Yn 2018 waard it iepenloftspul seis kear opfierd op seis ferskillende dagen: twa kear op 'e middei en fjouwer kear op 'e jûn.

Opfierde toanielstikken De toanielstikken dy't opfierd wurde yn it ramt fan it Berne-iepenloftspul Easterwierrum binne faak basearre op literêre wurken en/of films. 1997 – Heksen (nei The Witches fan Roald Dahl) 1998 – De Skippers fan "De Kameleon" (nei de berneboekerige De Kameleon fan H. de Roos) 1999 – Ferjiteilân 2000 – Robin Hood (basearre op 'e leginden oer Robin Hood) 2001 – Sake & it Suertsjefabryk (nei Charlie and the Chocolate Factory fan Roald Dahl) 2002 – Lucky Luke (nei de strip Lucky Luke fan Morris) 2003 – Oz (nei The Wonderful Wizard of Oz fan L. Frank Baum) 2004 – De Fiifde Dei 2005 – Odyssee (nei de Odyssee fan Homêros) 2006 – Jungleboek (nei Junglebook fan Rudyard Kipling) 2007 – Net Normaal 2008 – It Swurd út de Stien (basearre op 'e leginden oer Kening Arthur) 2009 – Spegelspreuk 2010 – Peter Pan (nei Peter Pan fan J.M. Barrie) 2011 – Swart/Wyt (nei de Nederlânske film Lang Leve de Koningin) 2012 – De Stim fan Lûdsjewierrum 2013 – Asteriks & Obeliks (nei de strip Asterix en Obelix fan René Goscinny) 2014 – Bern de Baas2015 – Friezz! (nei De Sniekeninginne fan Hans Christian Andersen en Disney's Frozen) 2016 – De Geast fan Spultsjelittens2017 – Pietje Bell en de Binde fan de Swarte Hân (nei de Pietje Bell-rige fan Chris van Abkoude) 2018 – Alice yn Wûnderlân (nei Alice's Adventures in Wonderland'' fan Lewis Carroll)

Keppelings om utens Offisjele webside fan it Berne-iepenloftspul Easterwierrum

Kategory:Easterwierrum Kategory:Iepenloftspul Kategory:Teaterfoarstelling yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1997