De Sintrumtsjerke oan de Hearewei is de tsjerke fan de grifformearde tjerke fan Donkerbroek. It oargel fan Albertus fan Gruisen yn de tsjerke is in ryksmonumint.Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, oproppen 28.05.2018

Skiednis thumb|left|200px|Gevelstien mei tekst út Psalm 150 fers 1 De tsjerke waard yn 1912 neffens in plan fan O.M. Meek boud foar de grifformearde tsjerke fan Donkerbroek. De tsjerke ferfong in âlde gebou oan de Hearewei 98.

Sûnt 2012 foarmet de grifformearde tsjerke mei de herfoarme gemeente Donkerbroek-De Haule in federaasje.Frysk Deiblêd, 15.03.2012. Oargel It ienmanualige oargel waard boud yn 1821 troch Albertus fan Gruisen út Ljouwert foar de tsjerke yn Toppenhuzen.Orgelsite, oproppen 28.05.2018 Yn 1920 ferhûze it ynstrumint nei de doe nije grifformearde tsjerke fan Donkerbroek, dêr't it troch de firma Bakker & Timmenga opboud waard. It front en de mechanyk binne by dy weropbou fernijd. De bruorren Reil út Hearde wreide yn 1964 it ynstrumint út mei in mikstuer. Deselde oargelmakkerij restaurearre it ynstrumint yn 1997.

Keppeling om utens Disposysje oargel op de Orgelsite

Kategory:Donkerbroek Kategory:Tsjerkegebou yn Eaststellingwerf Kategory:Ryksmonumint yn Eaststellingwerf Kategory:Bouwurk út 1912