It Nikolaaskleaster fan Rylsk is in otterdoksk kleasterkompleks yn de Russyske regio Koersk. It is it iennige kleaster fan de regio Koersk dat as kompleks bewarre bleau.

Skiednis It kleaster stiet yn it noarden fan Rylsk, oan de oare kant fan it rivierke de Rylo. Wannear't it stifte waard is net bekend, de âldste fermelding datearret út 1505. Yn de rin fan de tiid waard it ferskate kearen ferneatige.

De tsjintwurdige gebouwen stamme foar it grutste part út de 18e iuw, doe't de houten tsjerken ferfongen waarden troch stiennen tsjerken. Ek de kleastermuorre mei tuorkes en de klokketoer (1740) datearje fan dy tiid.

Yn 1824 besocht tsaar Aleksander I it kleaster.

Under de weach fan maatregels tsjin de Russysk-Otterdokse Tsjerke fan it ateïstyske rezjym waard it kleaster yn 1925 (oare boarnen 1926) sletten foar de earetsjinst. Dútske troepen besetten de gebouwen fan 5 oktober 1941 oant 30 augustus 1943. De arsjitektuer fan de yn styl fan de Russyske en Oekraynske barok boude tsjerken hat yn de Sovjet-tiid slim te lijen hân.

Op 17 juny 1991 waard it kleaster werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke en al sûnt 16 oktober 1991 waard der útein set mei de fiering fan tsjinsten yn de Nikolaaskathedraal. Sûnt wurdt it skansearre kompleks restaurearre.

Tsjerken Nikolaaskathedraal (1753) Krúsferheffingstsjerke (1733) Trije-ienheidstsjerke (1747-1751)

Ofbylden

Kategory:Kleaster yn Ruslân Kategory:Bouwurk yn Koersk (oblast) Kategory:Bouwurk út de 18e iuw Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 15e iuw Kategory:Organisaasje opheft yn 1925 Kategory:Organisaasje opheft yn 1926 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1991