Kom, Skepper, Geast is in Fryske oersetting fan gesang 239. It komt fan it Latynske "Veni, Creator Spiritus", ek wol "Pinksterbea" neamd.

Tekst Frysk Lieteboek (1979)ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, nûmer 102, side 148, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979     Lieteboek (1948)Lieteboek, side 139, Musicologysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, Maertmoanne 1948Kom, Skepper, Geast, ús hert benei, set Jo by ús nei wenjen Hear. Fernijer fan al 't minskeskaai, gean yn genede oer ús gear.

Jo bin in fjoerkolom, de wolk, de wetterier, fan God ús jûn, de Treaster dy't de Hear syn folk ûnthiet as balsem op 'e wûn

Sânfâldich en geheim geskink, o finger Gods, o leafdefjoer, yn Jo jout Hy syn bern de wink om Him te loovjen oer en oer.

Jou Jo ús faai ferstân it ljocht, lit leafde wenje yn ús hert, yn swakkens wurdt jo krêft folbrocht, Jo sterke hân ferlit ús net.

Hâld, Hear, de fijân yn betwang en fier ús fan it tsjuster paad; jou frede, dat ús hert net bang - nei Jo op wei - febjustre waard.

Bring ús de Heit al neieroan troch leauwe'enta behâldenis yn Jezus Kristus, Heite Soan, o Treaster, dy't út beide is.

Oanbid de Heit, de Soan, de Geast, oanbid Gods hege majesteit. Lit noard en súd en west en east Him lof jaan, eare'en hearlikheid.     Kom Skepper, Geast, kom del op ierd'! Jins krêft, út hwa't it al bistiet, Bisielje'yn stoarm en flammebrân Opnij Jins folk yn ider lân.

Jo Treaster, lieder fan ús lot, Folsleine jefte'ús jown fan God, Jo binne 't fjûr dat ús trochgloeit, De boarne, dy't fan libben floeit.

Jo, fan Gods leafde 't ûnderpân En finger fan Gods rjochter hân, Jo salvje'ús en ús mûle seit Troch Jo de lof fan God de Heit.

Untstek it heilljocht foar ús siel, Jow oan Jins leafde'ús herte diel, Bisterkje'o Skepper, troch Jins trêft, Fan 't faeije liifde lytse krêft.

Kear Jo de fijân by ús wei En bring ús fréde'en rêst to nei; Dan jowt de dei fan moarn gjin noed, As Jo ús liede'is alles goed.

Dat dan ús hert de Heit, de Soan, Mei Jo, de Geast, fan beider troan. Us stjûrd út de'iiv'ge himel wei, Nou en foar altyd loovje mei.

Kategory:Fryske oersetting Kategory:Hymne Kategory:Muzikaal wurk út de 9e iuw