Piter Yedema (Boalsert, 22 april 1941 - Ljouwert, 20 april 2018)Stjerberjocht Piter Yedema, yn: de Ljouwerter Krante, 24 april 2018, s. 38 wie in Frysk learaar, dichter, oersetter en tydskriftredakteur út Mantgum.
Yedema wie ferskate jierren learaar wiskunde en natuerkunde oan middelbere skoallen yn Snits en Ljouwert. Fierders wenne er koarte tiid om utens yn Ingelân en letter yn Skotlân, en ek brocht er ferskate winters troch op Sisylje en Sardynje. Tusken 1975 en 1979 wie er redakteur fan it literêre tydskrift Hjir.
Yedema debutearre yn 1987 as dichter mei de bondel Boarring. Oar wurk fan him ferskynde yn Trotwaer, Frysk en Frij en de Moanne. Yn 1992 kaam syn fertaling fan 'e Sonnetten fan William Shakespeare út, njonken eigen sonnetten, yn de bondel Manneboete. Yedema hie fan 1998 oant 1999 in kollumn yn de Ljouwerter Krante en skreau ek foar it Frysk Deiblêd.
Yedema ferstoar op 21 april 2018 hommels oan in hertstilstân yn de âldens fan 76 jier yn it MCL.
Poëzy 1987: Boarring 1987: Lieten fan de flakte : 19 villanellen 1987: Under oaren : 8 rondielen 1988: In iepen winter 1992: Manneboete'' : sonnetten
Keppelingen om utens Biografy Yedema op Sirkwy. Piter Yedema yn de DBNL
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk literatuerkritikus Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1941 Kategory:persoan stoarn yn 2018