De Galileërtsjerke is in earder tsjerkegebou yn Ljouwert yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân.

Beskriuwing It kleaster Galilea fan 'e Fransiskanen (minderbruorren) ferhuze yn 1498 nei de Twibaksmerk (efterkant oan 'e Galileër Tsjerkestrjitte). Monumintale gebouwen wiene it kapittelhûs (sloopt yn 1849) en de kapel.historischcentrumleeuwarden.nl De kapel waard yn 1580 in herfoarme tsjerke. De Galileërtsjerke waard yn 1940 sloopt.

Dielen fan it ynterieur waarden oerbrocht nei oare tsjerken. De preekstoel bedarre yn 'e Hobbe fan Baerdt Tsjerke (De Jouwer), it Van Dam-oargel yn 'e Grote Kerk (Toalen) en in stikmannich grêfsarken lizze yn 'e Meinardstsjerke (Minnertsgea). It Frysk Museum krige in stikmannich boufragminten.

Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert Kategory:Earder tsjerkegebou yn Fryslân Kategory:Earder bouwurk yn Ljouwert Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1940