Jan Dirk Blaaser (Amsterdam, 17 july 1922 – Lelystêd, 28 maart 1988) wie in Nederlânsk kabaretier, akteur, sjonger en lieteskriuwer.
Blaaser kaam út in teäterlaach. Syn pake wie teäterdirekteur en hie wie in neef fan de akteurs Riny Blaaser, Jo Vischer jr. en Beppie Nooij jr.. Blaaser begûn as artyst yn it schnabbelsirkwy op feesten en partijen en yn kabarets. Yn 1938 kaam er oan it toaniel by it selskip fan syn omke Jan Nooij. Dêrna wurke er ûnder mear yn it teäterkafee Saint-Germain-des-Prés fan Tom Manders as moppeferteller. Sadwaande krige er ek syn earste telefyzje-optreden. Op de radio trede er op yn it Tierelantijnen.
Letter folgen tal fan rollen foar telefyzje en stik as fiif yn spylfilms. As sjonger trede er op by feesten op ferieningsjûnen en hy makke in kabarettoernee mei Joke Bruijs. Yn 1977 makke Blaaser de stap nei it kabaret. De teatershows, Bruin Brood, Bramen Zoeken, Man Alleen en Klapstoel, lutsen in breed publyk. De teksten fan al syn foarstellingen skreau er sels en ek foar in protte oare artysten en programma's hat er faak teksten skreaun. Yn 1980 skreau er in boekje ûnder de titel Een muis in zee.
Healwei de jierren 80 kaam Blaaser by de cast fan Zeg 'ns Aaa, dêr't er de heit fan Mien Dobbelsteen, in rol fan oantroud Nooy-famyljelid Carry Tefsen, spile. Doe't er yn 1988 hommels oan in hertoanfal stoar, wie er 65 jier âld.
Blaaser hie trije bern út twa houliken. Syn soannen út it earste houlik binne Elian Blaaser en Dennis Blaaser. Ut syn twadde houlik krige er in dochter, Esther Blaaser. Sy rjochte na aktiviteiten yn it jeugdtoaniel yn 2007 in buro foar dramacoaching op. Ien fan syn bersbern is aktrise en model Gaby Blaaser.
Rollen yn telefyzjerigen Stadhuis op stelten, seizoenen 1962 - 1966 M'n broer en ik, seizoenen 1967-68 en 1968-69, KRO. As ien fan de bruorren Kalleman Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer?, seizoenen 1973 - 1975 - Stormvogel (Episoade 2.5) / Reus Looie Det (Episoade 3.5 & 3.6) Het meisje met de blauwe hoed 1972 - 1973 Waaldrecht 1973 - 1974 Kamer 17 1974 - 1975 Klaverweide 1975 - 1975 Pleisterkade 17 1975 - 1977 Hollands Glorie 1977 - 1978, Bout masinist Erik of het klein insectenboek 1979 - 1980 Zeg 'ns Aaa 1985 - 1988
Filmrollen Ciske de Rat (1955) De zaak M.P. (1960) Rififi in Amsterdam (1962) De Overval (1962) De vijf van de vierdaagse (1974) as Johannes Everhart Keetje Tippel (1975) as heit fan Keetje Tippel De laatste trein (1975)
Diskografy 1961 - Toen Riep Het Opperhoofd / Moet Je Horen - 7"single - CNR - UH 9527 1966 - Je Blijft Lachen / English Style - 7"single - HAVOC - SH 117 1970 - Toepetje / Opa Loopt Voorop - 7"single - POLYDOR - 2050 041 1970 - Tante Heeft Een Olifant / Wat Een Club - 7"single - POLYDOR - 2050 063 1970 - ... Uit Ben Je! - 12"LP - POLYDOR - 2441 001 1971 - Van Harte Welkom! / De Bond Staat Achter U! - 7"single - ANGB - 45 1197 1 1971 - Effe Lachen! Met Jan Blaaser - 12"LP - POLYDOR - 2441 024 1973 - Samen Met U, Hallo!! - Jan Blaaser In Zijn Janman Show - 12"LP - POLYDOR - 2441 042 1973 - Gerrit Heeft Een Pet Gekocht / Bij Wie, Louis??? - 7"single - NAP - 2112 022 1974 - De Bal-Ade Van Govert / Govert Weet 't Beter (Jan Blaaser Als Govert Flinck) - 7"single - POLYDOR - 2050 323 1974 - De Beste Van Blaaser - 12"LP - POLYDOR - 2482 181 1974 - Den Boer En Zijnen Vader / Op De Heide - 7"single - DELTA - D 1050 1974 - Loopt Eerst 'ns Door De Gouden Gids - 7"FD - DE GOUDEN GIDS - SHOL 2084 1975 - Als Ik Met Vakantie Ga ... Dan Gaat Het Regenen! / Zet Je Hond Niet Op De Straat - 7"single - LARK - INS 9518 1976 - Kom Naar Amsterdam / Ik Ben Een Smartlap - 7"single - NEGRAM - NG 2152 1977 - Voetballied / Kom Naar Amsterdam - 7"single - NEGRAM - NG 2233 1977 - Jan En Alleman - 12"LP - NEGRAM - NR 151 1981 - Bramen Zoeken - 12"LP - POLYDOR - 2441 140
Lietteksten Als je over de veertig bent Bertus, proef de snert 'es De disc-jockey De klaverjasclub De romantiek is verdwenen De zonsverduistering Effe lachen... (Tune) Het is mistig langs Amsterdams grachten Het lied van de metselaar Het statussymbool Inbrekersverhaal M'n tante heeft een olifant Niemand weet (Repelsteeltje) Opa is zijn flippertje kwijt Opa loopt voorop Schoonvaders Sneeuwwitje waarom? Stel je voor Suzy The English style Toepetje Uit ben je Uit was U Vader is moe Wie heeft mijn tekkeltje gezien
Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 1988