King Moody (folút: Robert Moody; New York City, 6 desimber 1929 – Tarzana, 7 febrewaris 2001) wie in Amerikaansk komyk en tillefyzje-akteur.

Karriêre Hy waard bekend mei syn rol fan Shtarker yn de telefyzjerige Get Smart en fan syn optreden as Ronald McDonald yn de reklamefilmkes fan McDonald's fan 1969 oant 1985.Vincent Terrace. Encyclopedia of Television Shows, 1925 through 2010. McFarland & Company, Inc., side 386, 2e edysjehttp://www.ilovegetsmart.com/gsfavs.html

Hy spile in kaptein fan in romteskip yn Teenagers From Outer Space en ferskate oare rollen yn fjirtich films en telefyzje-ôfleveringen sa as Bonanza, The Bob Newhart Show, CHiPs, Combat!, The Man From U.N.C.L.E., Dragnet en Sea Hunt.

Priveelibben Moody troude mei Rachel Rosenthal yn 1960; it houlik duorre 19 jier oant de skieding yn 1979. Yn 1981 troude er fannijs mei Jacqueline L. Larson, mar nei trije jier giene hja wer byinoar wei.

Moody stoar yn de âldens fan 71 jier yn Tarzana, Kalifornjehttps://www.aveleyman.com.

Keppelings om utens Folsleine filmografy fan King Moody yn de IMDb

Kategory:Persoan berne yn 1929 Kategory:Persoan stoarn yn 2001 Kategory:Amerikaansk komyk Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur