It Iviron-kleaster (Georgysk: ივერთა მონასტერი; Gryksk: Μονή Ιβήρων) is in eastersk-otterdoks kleaster op 'e berch Atos yn Grikelân.
Skiednis It kleaster waard tusken 980 en 983 boud foar Georgyske preesters en muontsen, krekt efkes nei de bou fan it Grut Lavra en it Vatopedy-kleaster. Dat barde ûnder tafersjoch fan 'e twa Georgyske muontsen Jehannes de Ibeariër en Tornike Eristavi. Iviron betsjut letterlik "fan 'e Ibeariërs". De namme fan it kleaster komt fan it âlde Georgyske keninkryk Ibearje (Ivearje), dêr't de arsjitekt Jehannes wei kaam. Fan 'e hjoeddeiske bewenners fan it kleaster binne der gjint mear fan Georgyske ôfkomst. De lêste Georgyske muonts ferstoar yn 'e jierren 1950. thumb|left|Panagia Portaitissa.
Yn 'e 14e iuw hie it Iveron-kleaster slim te lijen fan Katalaanske piraten en foarstanners fan 'e uny mei de Tsjerke fan it Westen. Mei help fan 'e Byzantynske keizers en prinsen fan Servje en Georgje slagge it kleaster der hieltiten wer yn om de skea te ferhelpen.
De oan 'e ûntsliepenis fan 'e Teotokos wijde katolikon is yn 'e kearn 10e-iuwsk. De tsjerke waard yn 'e 11e iuw ferboud en yn 1513 op 'e nij boud.
It Iviron-kleaster is it tredde kleaster yn 'e hiërargy fan 'e Atos-kleasters. De bibleteek besit 2.000 manuskripten, 15 liturgyske rollen en 20.000 boeken yn it Georgysk, Gryksk, Hebriuwsk en Latyn.
Wat it tal reliken oanbelanget hat it Iviron-kleaster mear reliken fan hilligen dan elts oar Atos-kleaster. Ek in ferneamd 9e-iuwsk ikoan, de Panagia Portaitissa, wurdt yn it Iviron-kleaster bewarre.
Kategory:Kleaster yn Grikelân Kategory:Atos Kategory:Bouwurk út 983 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 980