Västerbottens län (letterlik: "Provinsje Westerbotten") is in provinsje (län) yn it noarden fan Sweden en is wat oerflak oanbelanget nei Norrbottens län de grutste fan it lân. Yn 2017 wennen der krapoan 270.000 minsken.

It provinsjebestjoer is fêstige yn Umeå, mei sa'n 80.000 ynwenners de grutste stêd fan de provinsje.

Plakken Yn 2010 wienen neffens statistika centralbyrån (Frysk: it sintraal buro foar de statistyk) de tsien grutste plakken fan de provinsje:

Nr. Plak Ynwennertal 1 Umeå 79.594 2 Skellefteå 32.775 3 Lycksele 8.513 4 Holmsund 5.489 5 Vännäs 4.118 6 Ursviken 3.977 7 Vilhelmina 3.657 8 Skelleftehamn 3.184 9 Nordmaling 2.546 10 Hörnefors 2.542

Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1634