It Dionysiou-kleaster (Gryksk: Μονή Διονυσίου) is ien fan 'e eastersk-otterdokse kleasters op 'e berch Atos yn Grikelân. It kleaster stiet op it súdwestlike diel fan it skiereilân tusken Agiou Pavlou en it Osiou Gregoriou en is it fyfte yn 'e hiërargy fan 'e Atos-kleasters.
Skiednis It kleaster likernôch healwei de 14e iuw troch de muonts Dionysios fan Koryssos stifte. Syn broer Teodosius wie metropolyt fan Trebizond en dy wist keizer Aleksios III oer te heljen om it kleaster mei rynske jeften te begeunstigjen. Ek keizers fan it Byzantynske Ryk en de prinsen fan 'e Donaufoarstedommen soargen foar foarse finansjele stipe. thumb|left|Fresko sechsde segel fan 'e Apokalyps: de ierdskodding. Yn 1535 waard it kleaster foar in grut part troch in brân yn 'e jiske lein. In weropbou folge en sûnt is der net in soad mear oan 'e arsjitektuer feroare.
It op in hichte fan 80 meter boppe de seespegel lizzende kleaster leit op in smelle útrinner fan 'e berch. De krappe romte makke it needsaaklik dat de kleastergebouwen om de katolikon hinne oanboud binne.
De readkleurige katolikon fan it kleaster is wijd oan 'e berte fan Jehannes de Doper. De tsjerke waard tagelyk mei it kleaster boud, mar it fjoer fan 1534 ferwoastge de tsjerke. Nei de weropbou waard it ynterieur yn 1546 troch Zorzi út Kreta beskildere mei fresko's. De Apokalypssyklus yn 'e katolikon en it refektoarium is de âldste noch komplete foarstelling yn fresko's fan it tema yn 'e otterdokse wrâld. Yn 'e tsjerke stiet in fergulde ikonostaze.mountathos.gr, oproppen 20.02.2018
It kleaster besit in bibleteek mei 804 manuskripten en mear as 4000 printe boeken. De âldste manuskripten stamme út de 11e iuw. Fan it grutte tal reliken fan it kleaster is benammen de rjochterhân fan Sint-Jehannes de Doper it neamen wurdich. Ek besit it kleaster in reliëf fan 'berte fan Jehannes de Dopere krusiging út de 10e iuw.
Kategory:Kleaster yn Grikelân Kategory:Atos Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 14e iuw Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting