Abastenia St. Leger Eberle (6 april 1878 – 26 febrewaris 1942) wie in Amerikaansk byldhouster bekend fan har krêftige, lytse brûnzen bylden fan earme emigranten fan de Lower East Side yn New York City.

As keunstner wie Eberle der sterk fan oertsjûge dat keunstners politike en maatskiplik engazjearre keunstwurken meitsje moasten dy't aktuele fraachstikken wjerspegelen.

Eberle krewearre in grut part fan har libben oan likense rjochten foar Amerikaanske froulju en (maatskiplike) gelikens yn it algemien. Har ferneamdste wurk, The White Slave, 'de wite slaaf', dat berneprostitúsje útbyldet, soarge foar 'in stoarm fan kontroverze' op de tentoanstelling op de Armory Show fan 1913. Susan P. Casteras, "Abastenia St. Leger Eberle's White Slave", Woman's Art Journal, 1986 (Jstor.org)]

Sy waard in protte beynfloede troch it wurk fan sosjaal wurkster fan de earste oere Jane Addams (1860–1935) en fielde har tige belutsen by de feministyske beweging.

Bibliografy Knoxville Museum of Art: “The 20th Century”, útjouwer: Elsa Honig Fine Louise R. Noun, "Abastenia St. Leger Eberle", 1980 Des Moines Art Center Barbara Haskell, "American Century", Art & Culture 1900–1950 Melissa Dabakis, "Visualizing Labor in American Sculpture", yn Monuments, Manliness, and the Work Ethic, 1880–1935, 1999 Jane Scoular, The Subject of Prostitution: sex/work and social theory, Routledge, 2009

Keppelings om utens Columbia Encyclopedia entry The East Side in Sculpture by Abastenia St. L. Eberle, exhibition catalog available as a full-text PDF Official Catalogue of the Department of Fine Arts, Panama-Pacific, 1915

Kategory:Persoan berne yn 1878 Kategory:Persoan stoarn yn 1942 Kategory:Art Nouveau Kategory:Amerikaansk byldhouwer