De Hinbrêge is in fêste brêge yn de stêd Snits.
Stee De brêge oerkruset De Swette tusken de Goeman Borgesiusleane en de Bjirkeleane. De brêge leit op de rûte fan de Alvestêdetocht. Fierder nei de Stêdsgrêft leit de Swettebrêge; fierder de stêd út leit de Stêdrûnwei Noard.
Namme De brêge hjit nei de mûne De Hin, dy't earder tichtby dit stee oan de Swette stie, likernôch by de hjoeddeiske Linebeamleane. In sierstien dy't in hin mei pykjes foartstelt, dy't yn dit gebou siet doe't it al net in mûne mear wie, is ynmitsele yn 'e brêge.
Sjoch ek Brêgen yn Snits
Kategory:Brêge yn Snits Kategory:Bouwurk út de 20e iuw