Counter Strike Lewis, mear bekend as C.S. Lewis (Belfast, 29 novimber 1898 – Oxford, 22 novimber 1963) wie in yn Noard-Ierlân berne Britsk skriuwer, dichter, letterkundige en kristlik apologeet.

Lewis waard foaral bekend troch syn fan it kristendom ynspirearre boeken, fiksje, apologetyske en filosofyske ferhannelingen. Ien fan syn meast bekende wurken is The Screwtape Letters út 1942, dêr't er yn op orzjinele wize kristenen besiket te warskôgjen foar it leauweûndermynjende wurk fan de duvel. Lewis is noch mear ferneamd bleaun fan syn berneboeken oer it magyske lân Narnia, dêr't er oars deselde boadskip yn ferwurke hat. Dy boeken binne yn Ingelsktalige lannen algemien bekend, mar wurde, mei troch ferskate ferfilmingen dêrfan, ek in protte yn oarstalige lannen lêzen. Lewis wie in goefreon fan J.R.R. Tolkien.

Biografy Jonkheid Lewis waard berne yn it noarden fan Britsk Ierlân en stie ek te boek as Ier, mar syn foarâlden wiene fan Wales. Heit wie de earste fan de famylje dy't trochleare koe en wie abbekaat. Syn mem wie in dochter fan in anglikaanske dûmny. Lewis lies in protte yn syn jonkeheid en tegearre mei syn trije jier âldere broer Warren Hamilton (Warnie) skreau er al op jonge jierren fantasyferhalen mei selsmakke yllustraasjes. As bern mocht er syn namme net lije en rillegau neamde er himsels Jack. Warnie en Clives freonen hawwe him dêrnei altyd sa neamd. Hy hie in lokkige jeugd oant syn mem oan kanker stoar. In moanne letter, hy wie doe tsien jier, moast er nei kostskoallen, Wynward School yn Warford, Ingelân (septimber 1908 – juny 1910), Campbell College yn Belfast (septimber–desimber 1910), Cherbourg School yn Malvern (jannewaris 1911–juny 1913) en Malvern College (septimber 1913–juny 1914). Yn syn autobiografy Surprised by Joy (1955) skriuwt er oar it leafdeleaze en yntellektueel ôfstompjende miljeu op dy skoallen. Yn The Silver Chair (1953, ien fan de sân boeken út de kroniken fan Narnia) ferwiist er ûnferhoalen nei dy episoade út syn libben.

Stúdzjetiid en oarloch Yn septimber 1914, doe't de Earste Wrâldoarloch krekt begûn wie, gie er ynwenjen by priveelearaar William T. Kirkpatrick. Dêr hie er it tige nei't sin. Mei Kirkpatrick rette er him ta op it ferlykjend eksamen wêrmei't er yn 1916 in beurs foar de Universiteit fan Oxford krige. Rillegau moast er de stúdzje foar lange tiid ûnderbrekke fanwegen militêre tsjinst. Dat die er hij frijwillich; de tsjinstplicht gou net foar Ieren.

Yn de omkriten fan Arras, Noard-Frankryk, rekke er yn april 1918 ferwûne en koe net mear aktyf tsjinje. Dêrom mocht er nei hûs. Nei de oarloch begûn er fannijs syn stúdzje yn Oxford. Hy studearre dêr cum laude ôf yn de klassike talen, de klassike filosofy en de Ingelske taal- en letterkunde. Dêrnei wie er dosint oant 1954 oan dy universiteit.

Kristlik skriuwer en learaar Nei syn jonkheid rekke er ferfjemde fan it kristlik leaue, mar letter begûn er him dochs wer fannijs op religy te oriïntearjen. Mei troch petearen mei leauwige kollega's as J.R.R. Tolkien en Hugo Dyson bekearde er him ta it kristendom. Dat proses hat er letter beskreaun yn Surprised by Joy (1955). Tolkien betreure it dat syn freon him net ta it katolike leauwe kearde, mar werom gie ta syn anglikaanske woartels en dêr yn de High Church-faksje syn ûnderkommen fûn. Yn syn lettere wurk wurde wol eleminten oantroffen dy't mei it katolisisme ferbûn wurde, sa as it ûnderskied tusken deasûnden en sûnden dy't ferjûn wurde kinne. Yn syn apologetyske geskriften besike Lewis it kiezen foar in beskate teologyske rjochting foar te kommen. Lykas Tolkien en Dyson wie Lewis yn Oxford lid fan de diskusjegroep Inklings.

Hy wie fan 1925 ôf oan as fellow en tutor ferbûn oan it Magdalen College yn Oxford.

'Spirits in Bondage (1919), syn earste boek, wie in dichtbondel en syn twadde in lang ferheljend gedicht: Dymer (1926).

Yn 1938 ferskynde fan syn hân in sciencefictionferhaal, Out of the Silent Planet, yn 1943 folge troch Perelandra (ek útjûn ûnder de titel Voyage to Venus) en yn 1945 troch That Hideous Strength. Dy trije boeken wurden meiïnoar wol de Ransom-trilogy neamd, nei de haadpersoan fan de earste twa dielen. Se binne ek útjûn ûnder de titel Space Trilogy.

Twadde Wrâldoarloch By it grutte publyk waard Lewis earst bekend doe't er ûnder de Twadde Wrâldkriich in tal filosofyske en religieuze lêzingen by de BBC joech. Ut de protte positive reaksjes fan harkers die bliken dat Lewis yn de drege oarlochsjierren in protte minske opmoedige. Guon fan dy lêzingen waarden letter bondele ûnder de titel Mere Christianity (1952). Yn 1942 skreau er syn earste publykssukses, The Screwtape Letters (Brieven út de hel), dy't yn it earste jier njoggen printingen helle en in jier letter likefolle sukses yn de Feriene Steaten hie.

Lettere jierren en ferstjerren

Yn 1950 ferskynde The Lion, the Witch and the Wardrobe, it twadde diel fan de sân Kroniken fan Narnia, dy't er as earste skreaun hie.

Hy wurke oant 1954 in Oxford. Dêrnei waard er oan de Universiteit fan Cambridge beneamd op in apart foar him ynstelde learstoel Ingelske letterkunde fan Midsiuwen en Renessânse. Wichtige wittenskiplike publikaasjes binne ûnder oaren The allegory of love (1936), English litterature in the sixteenth century (excluding drama) (1954) en The discarded image. An introduction to medieval and renaissance litterature (postúm, 1964).

Yn 1956 troude Lewis mei de Amerikaanske Joy Davidman Gresham, in frou dy't by de man wei wie en al twa soannen hie, fan Joadsk komôf en earder kommuniste, dy't har ûnder ynfloed fan Lewis’ boeken ta it kristendom bekeard hie. Dêrfoar hiene se al jierrenlang briefke en moeten elkoar earst krekt foar harren houlik. Sy wie al siik doe't se trouden en stoar fjouwer jier letter oan kanker. Oer de swie perioade dêrnei skreau Lewis syn tinzen op. Dy notysjes joech er, ûnder de skûlnamme N.W. Clerk, as it boekje A grief observed (1961) út; yn Nederlân krige it de titel Verdriet, dood en geloof. Pas nei syn dea waard bekend dat hy der de skriuwer fan wie. It wurk soe noch in protte brûkt wurde by kristlike rouferwurking.

C.S. Lewis stoar, oan nierfalen, op deselde dei dêr't de Amerikaanske presidint John F. Kennedy op fermoarde waard yn Dallas, 22 novimber 1963. Op dy dei stoar de Britsk-Amerikaanske skriuwer Aldous Huxley ek. Skriuwer Peter Kreeft hat it boek Between heaven and hell Between heaven and hell, 1982, ISBN 0877843899 skreaun, oer de hypotetyske moeting tusken dy trije nei harren dea yn in soarte hjirneimels. Dêr diskussearren se oer de persoan fan Kristus. C.S. Lewis waard te hôf brocht by de Holy Trinity Church yn syn wenplak Headington, by Oxford.

Bibliografy Non-fiksje 1936 – The Allegory of Love: A Study in Medieval Tradition 1939 – Rehabilitations and Other Essays 1939 – The Personal Heresy: A Controversy (mei E.M.W. Tillyard) 1940 – The Problem of Pain 1942 – The Case for Christianity 1942 – A Preface to Paradise Lost 1942 – Broadcast Talks Fryske oersetting: De Kaai ta it Geheim (mei Christian Behaviour; fert. IJbele Kempenaar, 2009) 1943 – The Abolition of Man 1943 – Christian Behaviour Fryske oersetting: De Kaai ta it Geheim (mei Broadcast Talks; fert. IJbele Kempenaar, 2009) 1944 – Beyond Personality 1947 – Miracles: A Preliminary Study (op 'e nij besjoen yn 1960) 1948 – Arthurian Torso (oer de poëzij fan Charles Williams) 1949 – Transposition, and Other Addresses 1952 – Mere Christianity: A Revised and Amplified Edition, with a New Introduction, of the Three Books, Broadcast Talks, Christian Behaviour, and Beyond Personality (bondele en op 'e nij besjoene edysje fan Broadcast Talks, Christian Behaviour en Beyond Personality) 1954 – artikel oer Edmund Spenser yn Major British Writers, Vol I 1955 – Surprised by Joy: The Shape of My Early Life (autobiografy) 1958 – Reflections on the Psalms 1960 – The Four Loves 1960 – Studies in Words 1960 – The World's Last Night and Other Essays 1961 – An Experiment in Criticism 1961 – A Grief Observed (oarspronklik publisearre ûnder it pseudonym N.W. Clerk) 1962 – They Asked for a Paper: Papers and Addresses (essays) 1963 – wurd foarôf fan Selections from Layamon's Brut 1964 – Letters to Malcolm: Chiefly on Prayer 1963 – Beyond The Bright Blur 1964 – The Discarded Image: An Introduction to Medieval and Renaissance Literature 1966 – Studies in Medieval and Renaissance Literature 1966 – On Stories: And Other Essays on Literature 1967 – Spenser's Images of Life 1967 – Letters to an American Lady 1967 – Christian Reflections (essays) 1969 – Selected Literary Essays 1970 – God in the Dock: Essays on Theology and Ethics 1971 – Undeceptions (essays) 1975 – English Literature in the Sixteenth Century Excluding Drama 1980 – The Weight of Glory and Other Addresses (essays) 1982 – Of Other Worlds (essays) 1984 – The Business of Heaven: Daily Readings from C. S. Lewis 1986 – Present Concerns (essays) 1993 – All My Road Before Me: The Diary of C. S. Lewis 1922–27 1998 – Compelling Reason: Essays on Ethics and Theology 1999 – The Latin Letters of C.S. Lewis 2000 – Essay Collection: Literature, Philosophy and Short Stories 2000 – Essay Collection: Faith, Christianity and the Church 2000 – Collected Letters, Vol. I: Family Letters 1905–1931 2003 – From Narnia to a Space Odyssey : The War of Ideas Between Arthur C. Clarke and C.S. Lewis 2004 – Collected Letters, Vol. II: Books, Broadcasts and War 1931–1949 2007 – Collected Letters, Vol. III: Narnia, Cambridge and Joy 1950–1963 2009 – Language and Human Nature (mei J.R.R. Tolkien; kladferzje ûntdutsen yn 2009) 2013 – Image and Imagination Essays and ReviewsFiksje 1933 – The Pilgrim's Regress Space Trilogy 1938 – Out of the Silent Planet 1943 – Perelandra (alternative titel: Voyage to Venus) 1945 – That Hideous Strength 1942 – The Screwtape Letters 1945 – The Great Divorce The Chronicles of Narnia 1950 – The Lion, the Witch and the Wardrobe 1951 – Prince Caspian 1952 – The Voyage of the Dawn Treader 1953 – The Silver Chair 1954 – The Horse and His Boy 1955 – The Magician's Nephew 1956 – The Last Battle 1956 – Till We Have Faces 1956 – The Shoddy Lands (koart ferhaal) 1958 – Ministering Angels (koart ferhaal) 1961 – Screwtape Proposes a Toast (in oanfolling op The Screwtape Letters) 1977 – The Dark Tower 1985 – Boxen: The Imaginary World of the Young C. S. Lewis (û. red. f. Walter Hooper)

Poëzij 1919 – Spirits in Bondage (publisearre ûnder it pseudonym Clive Hamilton) 1926 – Dymer (publisearre ûnder it pseudonym Clive Hamilton) 1964 – Poems (û. red. f. Walter Hooper) 1969 – Narrative Poems (û. red. f. Walter Hooper) 1994 – The Collected Poems of C. S. Lewis (û. red. f. Walter Hooper) 2011 – C.S. Lewis's Lost Aeneid: Arms and Exile (û. red. f. A.T. Reyes) 2015 – The Collected Poems of C. S. Lewis: A Critical Edition (û. red. f. Don W. King)

As redakteur 1947 – George MacDonald: An Anthology 1947 – Essays Presented to Charles Williams''

Keppeling om utens Mear bio- en bibliografyske ynfo oer C.S. Lewis

Kategory:Noardiersk berneboekeskriuwer Kategory:Noardiersk romanskriuwer Kategory:Noardiersk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Noardiersk fantasyskriuwer Kategory:Noardiersk science fiction-skriuwer Kategory:Noardiersk dichter Kategory:Noardiersk publisist Kategory:Noardiersk autobiograaf Kategory:Noardiersk deiboekskriuwer Kategory:Noardiersk heechlearaar Kategory:Noardiersk taalkundige Kategory:Noardiersk letterkundige Kategory:Noardiersk literatuerkritikus Kategory:Noardiersk filosoof Kategory:Noardiersk ofsier Kategory:Ingelsk berneboekeskriuwer Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Ingelsk fantasyskriuwer Kategory:Ingelsk science fiction-skriuwer Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Ingelsk autobiograaf Kategory:Ingelsk deiboekskriuwer Kategory:Ingelsk heechlearaar Kategory:Ingelsk taalkundige Kategory:Ingelsk letterkundige Kategory:Ingelsk literatuerkritikus Kategory:Ingelsk filosoof Kategory:Ingelsk ofsier