Meghan, hartoginne fan Sussex, berne as Rachel Meghan Markle (Los Angeles, 4 augustus 1981), is in earder Amerikaansk aktrise, model en aktiviste. By it grutte publyk waard se bekend troch har rol fan Rachel Zane yn de abbekaterige Suits.
Biografy Markle waard berne yn Los Angeles as Rachel Meghan Markle. Se is in dochter fan in Afro-Amerikaanske mem en heit mei ûnder oare Ierske en Nederlânske woartels. Se gie nei de Northwestern University en helle dêr bachelortitels yn de poadiumkeunsten en ynternasjonale betrekkingen. Dêrnei wurke se in skoft op de Amerikaanske ambassade yn Buenos Aires.
Yn 2002 begûn har aktearkarriêre mei in gastrol yn de searje General Hospital. Dêrnei spile hja ûnder mear yn Century City, The War at Home, 90210, Knight Rider, Without a Trace, CSI: NY en Castle en yn films as A Lot Like Love en Remember Me. Fierders wie se ien fan de kofferkesdragers yn de Amerikaanske ferzje fan Deal or No Deal.
By it grutte publyk waard se fan 2011 ôf bekend fan har rol as Rachel Zane yn de abbekatesearje Suits.
Markle hie fan 2004 oant 2013 in relaasje mei akteur en produsdint Trevor Engelson mei wa't se yn 2011 troude. It pear gie út elkoar yn augustus 2013. Sûnt juny 2016 hat se in relaasje mei Prins Harry. Harren ferloving waard yn novimber 2017 buorkundich makke. Op sneon 19 maaie 2018 boasken se yn de St. George's Chapel fan it Kastiel fan Windsor. Foar dy tiid waard Markle lid fan de Anglikaanske Tsjerke. Op 6 maaie 2019 krige it pear in soan, Archie Harrison Mountbatten-Windsor.
Filmografy Telefyzje Jier Titel Rol Opmerkingen 2002 General Hospital Jill 1 episoade 2004 Century City Natasha "A Mind is a Terrible Thing to Lose" (seizoen 1: episoade 4) 2005 Cuts Cori "My Boyfriend's Back" (seizoen 1: episoade 5) 2005 Love, Inc. Teresa Santos "One on One" (seizoen 1: episoade 9) 2006 1 vs. 100 Harsels Mob member nûmer 7 2006 The War at Home Susan "The Seventeen-Year Itch" (seizoen 1: episoade 17) 2006 CSI: NY Veronica Perez "Murder Sings the Blues" (seizoen 3: ôflevering 7) 2006 Deceit Gwen TF-film 2007 Deal or No Deal Harsels 2008 90210 Wendy "We're Not in Kansas Anymore" (seizoen 1: ôflevring 1)"The Jet Set" (seizoen 1: ôfl.2) 2008 'Til Death Tara "Joy Ride" (seizoen 3: ôfl. 2) 2009 Knight Rider Annie Ortiz "Fight Knight" (seizoen 1: ôfl. 14) 2009 Without a Trace Holly Shepard "Chameleon" (seizoen 7: ôfl. 15) 2009 Fringe Junior FBI-agint Amy Jessup "A New Day in the Old Town" (seizoen 2: ôfl. 1)"Night of Desirable Objects" (seizoen 2: ôfl. 2) 2009 The League Samar in famke "The Bounce Test" (seizoen 1: ôfl. 2) 2010 CSI: Miami Plysje Leah Montoya "Backfire" (seizoen 8: ôfl. 20) 2010 The Boys and Girls Guide to Getting Down Dana Telefyzjefilm 2011–2017 Suits Rachel Zane Haadrol; fêste akteur 2012 Castle Charlotte Boyd/Sliepend kreas famke "Once Upon a Crime" (seizoen 4: ôfl. 17) 2014 Extant Famke oan de tafel? "Extinct" (seizoen 1: ôfl. 2) 2014 When Sparks Fly Amy Peterson Hallmark Channel (telefyzjefilm)2016Dater's HandbookCassandra BrandHallmark Channel (telefyzjefilm)
Film Jier Titel Rol Notysjes 2005 A Lot like Love Passazjier yn fleantúch 2010 Get Him to the Greek Tatiana Net op ôftiteling 2010 Remember Me Megan 2011 Horrible Bosses Jamie (FedEx-famke)2015Anti-SocialKirsten
Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk sosjaal aktivist Kategory:Amerikaansk humanist Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk societystjer Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk sosjaal aktivist Kategory:Ingelsk humanist Kategory:Ingelsk model Kategory:Ingelsk societystjer Kategory:Ingelsk persoan fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Amerikaansk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk model fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk aktivist fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Lid fan it Britske keningshûs Kategory:Hartoch Kategory:Persoan berne yn 1981